No seach ik in nijsgjirrige fakatuere op de side fan Tresoar… Mar ik sil der mar net op skriuwe, it soe in bytsje nuver wêze.
Ommers, ik haw in soad krityk op benammen de literatuerbefoarderer hân, dat om no mei dizze persoan gear te wurkjen… Want dêr sil it yn ‘e praktyk wol op delkomme, tinkt my.
Yn ‘e tuskentiid giet it tige goed mei jo eigen Knilles! No drok dwaande mei in nije pc yn te wijen. Stiet Windows 8 op, mar ik haw dat ferskriklike Metro-gedoch der al ôfhelle, sadat de brot wer wat normaal liket.
Sil muzyk meitsje mei dit nije apparaat, haw grutte plannen, haw aardich wat RAM, dat it sil grif better wurkje.
Wy hawwe patat mei sneks iten.
Post a Comment