Juf Junior

Ik lies niiskrekt fia it treflike literêre tydskrift ensafh.nl in nijsgjirrich blochke, fan in sekere Janneke de Boer. It gie oer de Rely Jorritsmapriis Junior. Wat my benammen opfoel dat wie de folgjende passaazje:

‘Sûnder dat Roelof en syn klasgenoaten it yn ‘e gaten hiene, wiene sy opjûn foar de Rely Junior priisfraach troch harren lerares. De ferhalen en gedichten waarden neisjoen, flaters derút helle en sa foelen mar leafst 4 learlingen fan de Boalserter skoalle yn de prizen.’

Ik bedoel mar, is dat eins wol neffens it regelemint? Hoe fier gie dat behoffenjen fan de teksten? Hat de juf de ferhalen en gedichten eins net sels skreaun? Foar in part alteast? En dat sûnder meiwitten opstjoere foar in priis, kin dat allegear samar?

Mar ik haw der gjin ferstân fan, fansels, dat sil it wêze.

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

1 Comment
Inline Feedbacks
View all comments
Grutte Pier
7 years ago

Call the police, no.