No’t wy it dochs oer boekpresintaasjes hawwe: HotSum lansearre justerjûn in trijetal essays en in dichtbondel. Chrétien Breukers soe ek in taspraak jaan, mar neffens my wie er der net by. Of al? Kom der mar yn Abe!
Teake Oppewal, fan Tresoar, is ek warskôge foar de praktiken fan de Contrabas, mar de reaksje wie: ‘Neat oan ‘e hân!’
Tsja. Ik begryp it net hear, saken dwaan mei in útjouwer dy’t ûnderdûkt is, en dêrom meikoarten út de KvK setten wurdt…
Wy hawwe patat mei hin en sa iten.
UPDEET
Neffens Anne Tjerk Popkema wie B. der al. Dat sa. En ik sitearje ATP fan Facebook: ‘En it is dochs moai, Knilles, dat Aggie van der Meer en Sirkwy Sympoasium in poadium foar har publikaasjes ha. Ik bin wiis mei HotSum. Se ha moaie boekjes makke. En ik sjoch, los fan wat men fan De Contrabas tinke mei, net sagoed hoesa’t in nije Fryske útjouwerij net gewoan goed nijs is…’
Popkema begrypt my net alhiel. Ik warskôgje foar de naderjende ûndergong fan de Contrabas. Dizze nije boeken wurde dan meisleept en binne aanst net iens mear te keap…
Post a Comment