Frysk! Wurd! Boek!

Lêstlyn foel myn sykjend en speurjend each op de side http://www.frysk-wurdboek.nl/. Op dizze side kinne jo “Een zeer uitvoerig Fries woordenboek” dellade. Spitigernôch slagget dat net by de Word-ferzje, en de Open Office-ferzje wurket net mei myn ynstalearre Open Office tekstferwurker. Dan bliuwt de pdf-ferzje oer.

Yndrukwekkend meie jo wol sizze, dizze prestaasje fan Leksikograaf R.M.J. Plum en aldergeloks net yn dy freeslike nije stavering. Wat al wat spitich is, dat binne al dy útroptekens!

Want it is net allinnich in wurdboek! It is ek in skiednis fan de Fryske taal! En noch folle mear!

Wy hawwe stamppot boerkoal mei woarst iten.

Post a Comment

Your email is never published nor shared. Required fields are marked *