Aggie van der Meer oer har nije bondel by de Contrabas

“By de presintaasje ha ik foarlêzen. Ik hear net mear alles hiel goed, yn it rjochterear ha ik in apparaatsje, dy moat út en troch efkes bysteld wurde, dan kin ik noch wat hearre. Myn oare ear ha ik gjin wurk fan. Dy docht it hielendal net mear haha. Nee, it foarlêzen hat my hiel goed foldien.”
Oer de opmaak en de omslach is se dúdlik. Guon skriuwers fernuveren har op de sosjale media iepenlik oer de nije útjefte. “Dit is net in bondel dy’tsto ien kado jaan kinst. Dêrfoar sjocht it der te min út. Tige spitich, mar it is no net oars.”
Op tafel lizze ferskate oare bondels, lykas ‘Ikader’ fan Eeltsje Hettinga, grif ien fan de moaist útjûne bondels fan de ôfrûne jierren. In grut kontrast. It omslach fan ‘Tei-iizje’ krollet fan himsels al om, de gedichten binne wat ûnearbiedich op de siden propt en in ynhâldsopjefte ûntbrekt, wylst it krekt in mânske bondel is. “Ik ha ek wol in idee foar in omslach nei de útjouwer (De Contrabas) stjoerd, dêr ha se neat mei dien. Ik ken der no neat mear oan dwaan en ha my der by dellein.”

Alwer in prachtútjefte dus *kuch*.

Lês fierder by Arjan Hut op de Moanne.

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

2 Comments
Inline Feedbacks
View all comments
edwin
7 years ago

Foar alle dúdlikheid, by myn Hotsumbondel is alles goed beteard, mar dat it dêrnei misrûn is mei Hotsum/CB en net ien fan Hotsum dy ‘t him yn ‘t iepenbier ferûntskuldiget, is djiptryst. Hoefolle respekt ik ek hie foar de inisjatyfnimmers fan Hotsum, hja moatte har no deaskamje. Dy’t swijt, stimt ta.

Bart FM Droog
7 years ago

Tsja, het zoveelste slachtoffer van ‘uitgever’ Chrétien Breukers van de Contrabas. Dieptriest dat de mensen van Hotsum (géén uitgeverij!) haar naar de klauwen van deze al herhaaldelijk veroordeelde oplichter hebben geleid.