Cornelis van der Wal

Fers2: de Nijste Faal fan Abe + oanfolling

No ha’k it eins net oan tiid, mar dochs in lyts stikje oer fers2.eu, in nij inisjatyf fan Abe de Vries. It is in Frysk literêr tydskrift. Tige spitich dat Abe no ek Friduwih Riemersma yn syn fal meisleept. Want dat ek dit projekt mislearje sil is wis. Dat giet no ienkear sa, by Abe.

Wat is der allegear mis mei de side fan Abe en Friduwih? Der sit gjin feed op. Links nei Facebook en Twitter wurkje net. Dat wol sizze: fers2 sit hielendal net op Facebook as Twitter. Der sit gjin online reaksjemooglikheid op. Skitende benaud foar krityk alsa.

Nee, gjin subsydzje wolle, mar al om jild biddelje. Sa kenne wy Abe wer. Faaks kin er efkes by syn syn maat Chrétien del, foar wat tips en trúks.

Wy hawwe hin en bakte rjappels iten, kerrysaus derby.

Oanfolling: hoe’t mei it yntellektuele nivo fan fers2 stiet…

Selection_020

Nee, Abe, it is ‘Variationen’. Dreech no, dat Dútsk…


Posted

yn

troch

Reakce

6 antwurden op “Fers2: de Nijste Faal fan Abe + oanfolling”

  1. Bart FM Droog Avatar

    De manier van geld bedelen lijkt als twee druppels water op de manier waarop Chrétien Breukers in 2013 een onbekend aantal mensen voor € 99,- p.p. oplichtte. Zie:

    Met dank aan Coen Peppelenbos.

  2. Anske Smit Avatar

    Ik bin toch wol un ensafh fen. Straks wear de Gedichtejûn bij Nico Vellinga. Disse lui doëne mar wat. ‘t is un Gotspe dot by nammen disse Fryske side gin Fryske URL FRL.domein namme hat.
    MVG Anske Smit, Mekket de hâdste roendjes in ut Hylpers

  3. Knilles Avatar
    Knilles

    Hoi Ytsje, tige tank. Dan doocht de link ûnder it facebooklogo op de side fan fers2 net.
    fr gr c

  4. Yva Avatar

    Fers2 sit wol op Facebook
    Al sûnt 20-12-14

  5. Grutte Pier Avatar

    Dy Friduwih is in Fryske femme fatale. Wat in stik! Mata is der neat by, no.

  6. Friduwih Riemersma Avatar

    En wy witte wol hokker hin at dat wie…

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.