Durk (Dirk) van der Veen ferstoarn

Sjoch by ensafh foar in teleksberjocht. Ja, ik haw him wol kend, mar net sa hiele goed. Op myn âlde blog komt er wolris te sprake. Klik hjir. De diakrityske tekens binne doedestiids hielendal ferinnewearre, dêrfoar ekskús.

Durk, hy is net iens 50 wurden. In hiele freonlike en ferlegen man. Mei in soad problemen. Hy skreau der oer yn syn tige sterke ferhalebondel: It tal mooglikheden is sawat ûneinich.

Ik wit fierders neat oer de deadsoarsaak. Literêr Fryslân hat ien fan syn grutste talinten ferlern.

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

1 Comment
Inline Feedbacks
View all comments
Janneke
Janneke
6 years ago

Ik trof Durk mar in pear kear. Hy wie ris ûnder it publyk doe’t ik in ferhaal foarlies, in ferhaal oer it plattelânsútgeanslibben fan begjin tachtiger jierren fan ‘e foarige ieu. Nei ôfrin sei er tsjin my: ‘Sjochsto wolris nei Spuiten en slikken?’
In pear jier lyn trof ik him nochris yn Grins yn it Harmoniegebouw, by de kofje-automaat. ‘De kofje wie dêr moai goedkeap,’ sei er.