Ieuw wiuw wei!

No, lit ik ris wat posityfs skriuwe oer Tresoar! Ik wie dêr ôfrûne freed foar nije boeken, en seach ek foar it earst it risseltaat fan de ferbouwing. In hiel tal wurkplakken derby op de boppeseal, it sjocht der hiel moai út.

My tinkt, dat Knilles dêr wol gauris sitte sil, want ik bin dwaande mei in Geheim Projekt, dat in soad eftergrûn-ynfo freget.

Hjoed haw ik ek in nij skriuwapparaatsje ophelle, dat woe ik dêr mar brûke. It is de Psion 5mx, in lyts wûnder út de ein fan foarige ieuw, of is it iuw of iew?

Haw patat iten

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

1 Comment
Inline Feedbacks
View all comments
Grutte Pier
7 years ago

Posityf? Doge jo wol? Dit giet net goed sa, no.