Fan in betroubere ynformant. Eeltsje Hettinga en Elske Schotanus, fan it eartydske Kistwurk en Abe de Vries en Friduwih Riemersma fan it yn problemen ferkearjende Fers2, sille tegearre in nij Frysk literêr tydskrift meitsje. Op dit stuit is de namme fan it tydskrift noch net bekend. Der sille fjouwer papieren nûmers yn it jier útkomme en alle wiken in digitale ferzje.
Fers2 ferskynt oer twa wike foar it lêst. Kistfers (wurktitel fan Knilles) sil nau gearwurkje mei it Y-Skrift fan Skanomodu, mar it Y-Skrift bliuwt selsstannich bestean.
De namme fan it tiidskrift wurdt ‘De Nije Quatrebras.’
Redaksje: Eeltsje de Vries, Abe Hettinga, Elske Riemersma en Friduwih Schotanus.
Dat krije jo me al dy fúsjes, no.