Fitamine blasé

In hiel aardige presintaasje fan Sjieuwe Borger syn Eksamenjier juster! It wie yn it Hearrenfean, dat is fansels wat minder, mar it Paul Krugercafé mei der wêze. Wy hawwe it boek oanskaft, ik bin benijd.

IMG_1296

Sjieuwe Borger lêst foar út syn nijste roman

It moaiste fan alles wie fansels, dat ik Elske Schotanus wer ris fan tichtby seach. Like soer as altyd, hearlik! En sa stylfol klaaid ek! Elske is oars wol in bytsje blasé, moat ik sizze. Oer har nominaasje foar de Gysbert sei frou Schotanus: ‘Nee, ik fiel gjin spanning, ik bin al sa faak nominearre, dêr stean ik boppe.’

Tsja…

IMG_1294

Elske Schotanus luts de oandacht mei har nije bril en hippe trui!

Wy hawwe alwer patat iten, moarn mar wat fitamine’s.

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

1 Comment
Inline Feedbacks
View all comments
Grutte Pier
6 years ago

Dy Schotanus is gjin skot yn’e roas, no.