Cornelis van der Wal

Fisk en it swurd

Jo binne dochs wol abonnee fan ensafh? Oars meie jo net fierder lêze, ik hâld dat yn ‘e gaten, Big Knilles is watching you…

No, wat ik sizze woe: in wike lyn kaam it Germanenûmer fan ensafh út, mei û.o. in tige koarte ferhaal fan myn hân, en in essay fan Piter Boersma oer Germaanske eleminten yn de Fryske poëzij. Ik fyn it hiel moai dat Piter ek myn Skalder en it swurd behannele hat. Anne Feddema makke prachtige tekeningen by de gedichten.

Friduwih Riemersma yn it marzjinale internettydskrift fers2, dat troch hieltyd deselde trije, fjouwer lju folskreaun wurdt: ‘Mar twa persint fan it Spesiaalnûmer giet oer in frou en dat inkeld yndirekt, nammentlik oer hoe’t manlju har beskriuwe.’

Tsja…

Ik haw hjir noch wol in steapeltsje Skalders lizzen op souder, jim kinne it boek foar €5,00 oanskaffe. Dan kriget Anne fansels de helte fan it jild.

Jim melde jim mar!

Wy hawwe fisk mei rys en eartsjes iten.

 


Posted

yn

troch

Reakce

2 antwurden op “Fisk en it swurd”

  1. Knilles Avatar
    Knilles

    Moai sa! Wa folget? 🙂

  2. edwin Avatar

    Nim foar my mar ien mei nei de gearkomste Cor.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.