No haw ik de oarspronklike tekst yn it Deiblêd net lêzen, mar my tinkt dat de ynhâld sawat itselde wêze sil as yn dit artikel. De tekst wie my earder ûntkommen. Ik sitearje Skanomodumantsje Remco van der Leeuw:
‘Ik tink dat it in goeie kar is om mear te sjen nei de kant fan meartalichheid as it giet om it Frysk. Want neffens my leit de takomst fan it Frysk net yn de earste taal, mar yn de twadde of tredde taal. Yn in gruttere en globalisearjende wrâld witte wy dat it Ingelsk in belangrike skeakel is en bliuwe sil. Dêrnjonken hawwe wy ek in prachtich moaie taal dy’t Hollâns hjit en dêr’t wy in hiel ein mei komme kinne. En as lêste is der dan it Frysk. Miskien wol de taal fan thús. De taal fan it lytse, waarme en fertroude. ‘
Minsken, minsken, wêr moat it hinne mei de Frysktalige jongerein? Jawis, dat heart krekt as praat fan in âld mantsje, en dat kloppet ek, mar de wiere âlde mantsjes en wyfkes… dat binne, wat mentaliteit oanbelanget, de studinten fan Skanomodu. Earst dat mienisme, fan Meindert Reitsma, dêr is al aardich wat oer skreaun. En no komt dan in sekere Remco van der Leeuw op ‘e tekst, noch net iens droech efter de earen, mar mei in tinkwrâld as dy fan in net al te fris rûkend âld bepke.
Fuort mei de Fryske striid, fynt Remco, lit ús mar ûnderwâde wurde! Mar wêrom skriuwt Van der Leeuw eins noch yn it Frysk? It Hollânsk is ommers sa’n moai taaltsje?
Wy hawwe sop mei broadsjes en sa iten.
Post a Comment