Geheime nassy

Hjoed de tried wer oppakt wat in Geheim Literêr Projekt oanbelanget. Dêrfoar moast ik nei Tresoar ta, en dat sil foarearst ek net de lêste kear wêze. Ik hie in skrift by my om oantekenings te meitsjen, mar bin blykber it mei de hân skriuwen ferleard. It wie in frijwat krampeftige bedoening. Moarn mar in leptopke mei.

Ik haw lang om let ek mar ris in IBL account oanmakke, it wetter rûn my om ‘e tosken, wat in enoarme kolleksje! It kostet ek wat, dat is wier, dat ik moat mysels yn de stokken hâlde wat it oanfreegjen fan boeken oanbelanget. Ik bin benijd hoe rap jo de oanfrege boeken yn hannen hawwe.

Wy hawwe nassy iten. It wie lekkel.

Post a Comment

Your email is never published nor shared. Required fields are marked *