Cornelis van der Wal

Tresoar slikket de skuon fan Dijsselbloem

Swalk, en dat is dus Tresoar, hat dit jier as Kadoboek in oersetting fan in Bommelboek. Dêr haw ik al earder wat oer skreaun, lês mar. It komt der op del dat ik it mar nuver fyn dat der gjin oarspronklik Frysk literêr wurk útkeazen is. Of wiene de Fryske skriuwers op?

Alle respekt foar de oersetters hear…

It wurdt lykwols noch slimmer… Tresoar knibbelet foar it hjoeddeiske reagear, mei de pet yn ‘e hân wurde de snústerige skuon fan Dijsselbloem beslikke. Ik fyn dat in polityk statement, dat net past yn de taakstelling fan Tresoar as Frysk ynstitút.

 

Jûn tink patat en sneks.


Posted

yn

troch

Reakce

2 antwurden op “Tresoar slikket de skuon fan Dijsselbloem”

  1. josse de haan Avatar
    josse de haan

    Ik sjoch no dat A. Heertje it earste eksimplaar krijt fan it Bommeltje.
    Heertje noch De Swaan noch Dijsselbloem hawwe ferbiningen mei it Frysk, mei de Fryske Literatuer of mei Fryslân.
    Dit is yndied Frysk slikjen en slymjen nei boppen!. Net earder yn de Fryske Letteren fertoand. Wat kompleks spilet hjir de haadrol?

    ‘Mon dieu, ayez pitié avec mon pays, le peuple frison et la littérature’!

    (frij nei Willem van Oranje-Nassau, doe’t er hast dea wie).

  2. josse de haan Avatar
    josse de haan

    In lytse 25 jier hearsket op it FLMD/Tresoar in anty Fryske Literatuerwyn –

    de literatuerbefoarderer T. Oppewal wol wichtich wêze yn de eagen fan Hollanners as Abraham de Swaan en no de minister fan Finansjes J. Deijsselbloem dy’t beide neat mei it Frysk hawwe.

    1. de o sa fatsoenlike, foarsichtige ‘Spiegel van de Friese Poëzie’ waard oanbean oan De Swaan.

    2. de klassike roman LEAFDEDEA waard mei tastimming fan Oppewal ynkoarten en dus ferkrêfte (yn it Nederlânsk).

    3. resinte boekewikegeskinken binne oersettings ut it Nederlânsk, as soene der gjin Fryske skriuwers mear wêze – Oppewal c.s. misledigje de Fryske skriuwers.

    4. oer it proaza nei ’60 yn it Wolkenboek is troch J. Veenbaas, mei tastimming fan J. Oppewal, skandalich skreaun – skriuwers wurde ôfblaft, de rûchskerne opriden en misledige.

    Oant no ta hat de ferantwurdlike man, B. Looper, gjin bek iepen dien. Apart, mar wier…

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.