Cornelis van der Wal

Finsters op Fryslân: Geveltsjefrysk fan de boppeste Planke

Hoera, wer in nije Fryske side derby! O, wachtsje efkes…, nee allinnich de namme is Frysk: ‘Finsters op Fryslân.’ Dat komt, leave berntsjes, om’t it in projekt is dat mei KH 18 te krijen hat, en jim witte dat dy stoute minsken net safolle mei it Frysk te krijen hawwe wolle.

No, kom dêr dan foar út, soe’k sizze en hâld op mei dat geveltsjefrysk op in side dêr’t fierders allinnich mar Hollânske teksten op steane. Op dizze wize wurdt it Frysk noch mear de gek oanstutsen.

‘Dit project wordt mede mogelijk gemaakt door de provinsje Fryslân.’ Meitsje dêr dan ek mar wer Friesland fan, soe’k sizze.

Aanst bakte rjappels mei slaad en stikje fleis.


Posted

yn

troch

Reakce

3 antwurden op “Finsters op Fryslân: Geveltsjefrysk fan de boppeste Planke”

  1. edwin Avatar
    edwin

    Ik sit nochalris op bûtenlânske siden en kinst dan gewoan kieze út soms wol 5 talen. Wêrom dan no net in FRL en in NL-ferzy? Moat net sa dreech wêze. Cor hat in punt; it Frysk hinget der sa wol wat by….as it noch hinget

  2. cornelisvanderwal Avatar
    cornelisvanderwal

    Ik sjoch allinnich mar Hollânske teksten Geart!

  3. Geart Avatar
    Geart

    Net sa pessimistysk, Cor! Men kin ommers ek ‘sykje’ en der stean ‘lêste berjochten’.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.