Cornelis van der Wal

Diktatoriale stokbôle

No, dat is my in tige nijsgjirrich stik, fan Abe de V. oer it Skriuwersboun. Abe hie oars in skoftke lyn al opsein as Bounslid, mar is blykber gau wer lid wurden, om dêrnei wer op te sizzen. De hear De V. syn bloch hat gjin sykfunksje, dat ik kin it berjcoht oer syn eardere opsizzen net fine.

Hoe’t it ek wêze mei, it liket my in frijwat diktatoriaal wyfke ta, dy Tryntsje van der Veer. Ek nuver, dat sa’n ien foarsitter fan it Skriuwersboun wurden is, ommers, skriuwe kin se fan gjin kant…

Wy hawwe sipelsop mei stokbôle en tsiis iten. Lekkel, no.


Posted

yn

troch

Reakce

Ien reaksje op “Diktatoriale stokbôle”

  1. Dinie Avatar
    Dinie

    It Skriuwersboun hat jiertiids in kapitale flater makke; Mei Knilles oan it roer, wie de boel no net oerstjoer!
    Krekt as de ponghâldster no, war der doe lykwols ek al ien skoffeard, sunder yngripen fan de foarsitter. Wie dat net troch in alde bekinde fan Abe de V, frou Schotanus?
    It bliuwt aardich, sa’n never ending story.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.