No juh, it is hast safier: de nije dichtbondel is sawat klear. Sil der noch in pear dagen mei ompiele, mar dan stjoer ik it manuskript nei de útjouwer. It folgjende fers komt der yn elts gefal yn te stean, tegearre mei 32 oare gedichten.
Wy hawwe pasta iten.
Omheech yn it stof
In keamer op ‘e souder en ik wachtsje op in fisioen.
Ik wenje no yn in oar hûs, mar bin noch altyd alkoholist.
De trep, hy kreaket, ik bin it net, sit op in stoel.
Stadich geane stappen omheech yn it stof, in geast
Is net swier, dat de gast sil grif út matearje bestean.
In hân, in swart boek en in rûne holle mei bolhoed
Komme troch it trepsgat, it stekt efter in briltsje brânglês.
It mantsje knikt freonlik, set him del op it bêd en seit fan:
Knilles, lês dit boek, hast it sels skreaun. En dan mar dea.
Komt ynoarder Edwin!
Super Cor. Doch my der mar ien :>)