Cornelis van der Wal

De wraak fan Tresoar

Ik haw der lang oer twifele oft ik dit blochke wol pleatse soe. Dan krije jo wer dat geëamel fan dy Knilles fielt him miskend. No, dat falt wol wat ta, mar ik wurd wol tsjinwurke, benammen troch de lju fan Tresoar. En dan bedoel ik net it tsjinstferlienend personiel, dat binne poerbêste minsken, mar benammen it stofnêst Teake Oppewal en syn konsorten.

In jiermannich lyn hat Tresoar-baas Bert Looper my in pear kear frege om oan in stikmannich projekten mei te dwaan, en dat wie hiel aardich fansels. Yn in persoanlik petear hat er doe sokssawat sein as: ‘It soe moai wêze ast no tenei net mear sa kritysk op Tresoar wêze soest, no, ja, it mei wol fansels…’ No is er lilk op my, en groetet my amper mear… Ik lit my ommers net omkeapje en de bek bine! As ik misstannen sjoch, dan meld ik dy. Sa.

Ach ja, en dan kinne jo de wraak fan Tresoar ferwachtsje. Dan hearre jo net by de útferkarde 20 dichters dêr’t in sekere Christiaan Kuitwaard tekeningen fan makke hat. Dizze kar-út hat oars in hiel heech de Moanne-gehalte, falt jo dat ek op? No, de Moanne en Tresoar, dat is ommers twa hannen op ien búk, is’t net sa?

Ek tige opfallend is, it taast my suver yn it moed, dat it eardere enfant terrible Eeltsje Hettinga sa moai efter de autoriteiten oanhobbelet. No ja, de man wurdt ek in dei âlder, no?

Wy hawwe hamburger, bakte rjappels en slaad iten.

Reakce

9 antwurden op “De wraak fan Tresoar”

  1. Knilles Avatar
    Knilles

    Ha Edwin, ik konstatearje allinnich mar dat de measte dichters dy’t selektearre binne yn de Moanne publisearje. En dat mei fansels! En it seit neat oer de persoanen, mar al wat oer de seleksjeproseduere. No sa.

  2. edwin Avatar

    no ja, mei de útspraak fan in “heech-moannegehalte” wurdt der wol wat suggerearre, Cor. Oars skriuwst soks net. Faaks is it myn allergy foar polarissearing, mar dy kennende, wolst der wol wat mei sizze. Is ek net slim, frij lân en soks, mar dochs :>)

  3. Knilles Avatar
    Knilles

    Ik haw neffens my ek neat ferkeards oer de dielnimmende dichters skreaun…

  4. edwin Avatar

    Hee Josse, de irony ha ‘k efkes mist mar asto it seist. Faaks hie ik efkes geduld dwaan moatten, mar de oanstriid en “ferdigenje”in tal prima kollega-dichters wie skynt te grut.
    Hawar, tank foar dyn reaksje.

  5. josse de haan Avatar
    josse de haan

    Edwin, de stylfiguer irony slacht yn myn ps foar master op, ‘samar wat roppe’ oer dichters dy’t de eagen ticht hawwe (op dy tekeningen) haw ik net lêzen yn de 3 bijdragen, noch krityk op de lju dy’t har tekenje litten hawwe.

  6. edwin Avatar
    edwin

    Sûnder ûnderstek dwaan te wollen oan Cor’s fermoedens en Josse’s punten, moat my wol fan it hert dat Cor en Josse de dichters dy’t wol meidien hawwe oer ien kaam kjimme. En dat de minsken dy’t net op Josse’s feest wienen de “foar minst opslaggers” binne, is foar syn rekken. Al komt my dat wol wat pretinsjeus oer. My tinkt dat men himsels mei sokke algemiene diskwalifikaasjes earder bûtenspul set as de ferbining siket. Ik praat gjinien nei de bek, nergens net, doch gewoan myn ding en bin frege. Faaks jildt dat ek foar in stikmannich oare dichters fan de 20.
    Samar wat roppe is yn dizzen al te maklik en fielt net goed.

  7. josse de haan Avatar
    josse de haan

    Eala Cor,
    Freedtemiddei 11 maart, krekt foardat ik wer nei Baskelân ôfreizge, haw ik yn Belvédêre de tentoanstelling besjoen fan de tekeningen fan 20 Fryske dichters. Ik miste yndied Smink en Abma as GJ-winners, ek Kaspersma en Van der Wal û.o.

    De tekeningen diene my tinken oan de skildering fan de dichter Willem Kloos troch Willem Witsen doe’t de dichter op syn deadsbêd lei – sletten eagen, as is de hele Fryske literêre wrâld oan it ôfstjerren.

    Faaks leit de hele brot op stjerren troch 23 jier mismanagemint troch de saneamde literatuerbefoarderer. – de hear TO.

    Yn myn nije boek ‘Reedride op glêd iis’ haw ik beskreaun hoe’t dy man fan ‘it oare partoer’ – sei er tsjin my doe’t ik de GJ krige yn 2007 – heel wat lju skoffearre hat en utsletten.
    Yn 23 jier haw ik noch nea mei de man praten, noch kontakt hân.

    Yn ‘Fyts mei wynflessen’ (1995) haw ik yn it haadstik ‘Bloedsûger mei ensyklopedy’ al beskreaun hoe’t dizze man altyd gelyk ha wol, en tinkt dat er altyd gelyk hat. De berne betweter ut de wrâld fan dat ‘oare partoer’.

    It saneamde mislearre WOLKENBOEK wat it moderne proaza oanbelanget, it skansearjen fan en de sinsuer op LEAFDEDEA en it negatyf advisearjen oangeande in oersetting fan myn KIKKERJAREN en NANETTE (ik hie al in kontrakt en in foarskot!)hiene genôch arguminten west foar Bert Looper om dy meiwurker as ûndermaatsk syn congé te jaan.

    Nee dus – Looper is meiferantwurdlik foar it utsluten fan boeken en skriuwers, ferantwurdlik ek foar it beroerde klimaat foar skriuwers dy’t wat wolle.

    Skriuwers omkeapje is in nij faset yn de Provinsjale literêre polityk… Ik hie al heard dat skriuwers har de bek hâlde yfm opdrachten, mar streekrjocht de frije literatuer oantaaste troch omkeapjen is nij.

    In Tip foar dy Cor: besjoch dy tentoanstelling mei de eagen ticht. Ik bin benijd nei dyn nije bondel!

    PS: op myn feest wiene fansels allinne lju ut ‘it goeie partoer’, dy’t keatse kinne mei literêre keatsballen, en gjin foar minst opslaggers dy’t net by de stuit fuort kinne.

    Hendaye-sur-Mer, Maijos Baita.

  8. Egbert Born Avatar
    Egbert Born

    Cornelis, dit sit hiel oars tinkt my. Ik haw dy side besocht. Alle dichters waard fersocht my TICHTE eagen model te sitten.

    Men praet oer yntroverte en ynbannige kant it neist. Haha.

    My tinkt datsto dy net yn dy rige te plak fiele moast. Easkje mei in protte kabael in grimmitich portret, yn in numer foar dysels, de aldergrouwelichste kop dy’st luke kinst!

    Dat sa!

  9. Dinie Avatar
    Dinie

    It giet mear om ‘e kunde dan om ‘e keunst..!

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.