Cornelis van der Wal

Skandalich: dei seis fan steuring op sirkwy.nl

Moarn sil it in wike lyn wêze dat de skriuwersdatabase fan sirkwy.nl net mear te berikken wie. En dat no’t ik dy ynformaasje nedich bin foar in stik dat ik skriuw.

Wêrom krije wy net te witten wat der krekt te rêden is? Is de hiele database ferlern gien? It soe in grof skandaal wêze.

Juster pasta iten, jûn nei de snekber. Dêr hawwe se nammers ek bamy…

Frank Zappa: Sharleena. ‘I’m crying’…


Posted

yn

troch

Reakce

5 antwurden op “Skandalich: dei seis fan steuring op sirkwy.nl”

  1. Knilles Avatar
    Knilles

    Sykje dan ris Trinus Riemersms op en klik op boeken…

  2. josse de haan Avatar
    josse de haan

    Dy database kin ik helendal berikke en lêze!
    No sa, no do wer. J

  3. Knilles Avatar
    Knilles

    Ha Josse, jawis sirkwy.nl wurket wol, mar ast om ynformaasje oer skriuwers sikest dan rinst fêst… En dit stiet ek al seis dagen op ‘e side: Technyske problemen op dizze webside
    Op dit momint binne der technyske problemen mei de webside sirkwy.nl. Wy sykje nei in oplossing.

  4. josse de haan Avatar
    josse de haan

    PS: mei oare wurden, we moatte it FLMD werom hawwe, dêr wie in skriuwer op syn minst noch in skriuwer, no hingje skriuwers as marionetten oan de Aldehou en wurde bespile troch de lange earmen fan it Tresoar.

  5. josse de haan Avatar
    josse de haan

    Cornelis,
    by my hjirre yn Sud Frankryk wurket sirkwy.nl hûndert persint. ik tink dat se dy as in net te hantearjen fenomeen skrast hawwe of dy in streek leverje, meidatst te kritysk bist op dat bastion fan literêre ûnmacht.
    doei, josse

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.