Gjin literêre fytstocht

De ôfrûne dagen wer in soad oan it fytsen west, mar om no fan literêre fytsttochten te sprekken… nee. Al giene myn tinzen fansels geregeld oer it gearstallen fan myn nije bondel… De folchoarder is ek tige wichtich, fyn ik altyd, al sjogge guon resinsinten dêr meast oerhinne. Dy lêze de earste tsien gedichten en miene dêr in oardiel út distilearje te kinnen.

Woe ek ris sjen oft it faaks in alternatyf is om, wannear’t jo út Snits wei nei de Rânestêd moatte, dat fia stasjon Akkrum te dwaan. Dêr dus earst hinne fytse dus. It liket my eins gjin goed idee, want jo moatte ek wer werom, no. It bliuwt in ferfelende saak dat de lêste trein út Ljouwert nei Snits al om 23:20 giet. Sa kin der gjin sprake wêze fan ris in jûnskonsert bywenje yn Amsterdam of sa. De bus nei It Fean is eins ek gjin alternatyf.

Bin wat muzyk kwytrekke troch in crash, dat de torrents draaie wer dat it in lust hat!

Waarmje ôfpriisd bakje iten op aanst.

Trackbacks & Pingbacks 1

  1. From www.ensafh.nl on 27 Jul 2010 at 18:29

    […] Lês fierder by Cornelis van der Wal […]

Post a Comment

Your email is never published nor shared. Required fields are marked *