Understeande mail komt út in tige betroubere boarne, nammentlik fan Anne Feddema. Der binne noch trije oare dichters oanskreaun, ik neam se mar net. Feddema docht yn elts gefal net mei oan it petear.
Ik persoanlik fiel my net roppen om oan de ferkiezing mei te dwaan.
De Dichter fan Fryslân kriget €2500,00 jiers foar syn/har krewearjen.
‘Goeiemiddei,
Sa’t jim faaks wol witte hawwe de PvdA en D66 ferline jier novimber in amendemint yntsjinne oangeande de oanstelling fan in ‘Dichter fan Fryslân’. Dit amendemint is oannommen, dat it is no safier dat begûn wurdt mei it opsetten fan dizze twajierlikse publike ferkiezing. Wy soenen graach mei jim – foar de gelegenheid selektearre as fertsjintwurdigers fan Fryske dichters – yn in ferkennend petear beprate wêr’t de provinsje neffens jim rekken mei hâlde moatte soe by de útfiering. Dit petear sil jim eventuele kandidaatstelling foar ‘Dichter fan Fryslân’ net yn it paad stean. Ek ien fan de bestjoersleden fan it Skriuwersboun wurdt útnûge by dit petear oanwêzich te wêzen.
Ik fernim graach oft jim wat fiele foar dit petear. […]
Mei freonlike groetnis,
Nienke Jet de Vries
Beliedsmeiwurker Taal en Underwiis
Ofdieling Kultuer en Mienskip
[…]’
Wa docht wat noch yn dizze miserabele úthoeke fan de literatuer, no.
20.000 euro: foar minder doch ik it net.
Better koestere miskenning dan miste erkenning, no.