Ja it is wier, it skriuwen fan in blochke is in bytsje in útstjerrende saak, alteast wat de Frysktalige bloggers oanbelanget. Dat jildt ek foar ûnderskreaune, ik haw der net alle dagen mear nocht oan.
Aldergeloks hat Sigrid Kingma it blogjen oppakt. Har blog oer útjouwer Goasse Brouwer (Frysk en Frij) is no al in klassiker wurden!
Mar fierders sitte de measte eks-bloggers op Facebook. Sa ek Abe de Vries (ja, dêr hast him wer!). Abe blokt my op Facebook, om’t ik geregeld fan miening mei de man ferskil, dêr kin en mei De Vries net oer. Sadwaande kin ik net lêze wat der allegear skreaun wurdt op Abe syn timeline. Der skine wolris nijsgjirrige diskusjes plak te finen, mar dy binne dus net iepenbier, allinnich Abe syn freontsjes meie dêr oan meidwaan…
In bytsje lef, fine jo ek net?
Jûn waarm iten.
Ek dit weblog fan Knilles is tige feilich. As Grutte Pier wat seit wat neffens Knilles net doogt, dan giet de doar ticht foar Grutte Pier, no.
It has been done.
Goeie Abe, earst unblocke, dan sjochst my wer!
Te betiid, ik kin dyn fb net fine…. Under watfoar namme?
In útnoeging is ferstjoerd! 🙂