In grut yntellektueel

It is wer ris safier, in digibeet skriuwt in stikje dêr’t út bliken docht, dat er mient dat Facebook itselde is as it ynternet.

Diskear is it de hear Ferdinand de Jong, dy’t in folslein ûnbegryplik blochke skriuwt nei oanlieding fan in Facebookberjocht fan Elske Schotanus. Jim witte fansels dat frou Schotanus net  by my freonegroep heart, om it mar swak út te drukken. Dat ik bin ek net mei har befreone op FB en kin har berjochten alsa net lêze. Dat sil mei de measte ynternetbrûkers sa wêze.

Al in moai skoft lyn hat De Jong ek in ein oan ús Facebookfreonskip makke. Ik wie tink te kritysk op it brûken troch Ferdinand fan in tige flauwe fariant fan it Bokwerters. Bokwerters: dat is fan Rink en dêr bliuwe jo ôf mei de poaten.

En ik bin foar Cambuur, en net foar dat boereklupke fan De Jong, dêr’t ik de namme efkes fan kwyt bin. Dat sille tink de redenen wêze dat de hear Ferdinand de Jong de FBfreonskip ferbruts.

Facebook: it is bytiden wol aardich hear, mar it is dus net it ynternet, dat is krekt in bytsje grutter. Eigenaardich dat in grut *kuch* yntellektueel as Ferdinand de Jong dat net begrypt.

Jûn waarmje wy lekker iten op.

Comments 1