Cornelis van der Wal

Trije stjerren fan Eppie foar ‘Wolf yn harnas’

Heden, mar leafst trije stjerren *kuch* fan Eppie Dam kriget Wolf yn harnas yn de Ljouwerter. En no aanst ek noch Abe (in grutte freon fan Eppie) yn it Deiblêd!

Ik wol der net al te djip op yngean, mar de lêzer sil sels wol sjen dat Dam wat in min sin hie. Wat moatte rigels as: ‘Wolf yn harnas is skreaun troch Cornelis van der Wal, de man dy’t himsels ‘it mantsje’ neamt, faak te boek stiet as Knilles, en foar de Sietse dy’t him ynterviewde jierren in benypte namme wist. Under it mom: yn literatuer moat dat kinne.’ yn in poëzijbesprek? Dam spilet op de man en dan kinne jo de rest fan it ‘besprek’ net mear serieus nimme.

Ien dinkje noch: ‘Of ynienen in rigel dêr’t de poëzy fan ôf spat: ‘In oranje overall hinget los om syn aura hinne’ (oer ‘in grutte kening’, en ferwizend nei The Passion).’  Hoe komt Eppie der by dat ik nei dat freeslike The Passion ferwiis? Sa set de resinsint himsels folslein foar gek. En dat ‘oer’ moat fansels ‘út’ wêze.

Blendlelink: https://blendle.com/i/leeuwarder-courant/in-wolf-dyt-himsels-de-bosk-yn-stjoert/bnl-lc-20161216-0CE4PEI

Jûn waarm iten


Posted

yn

troch

Reakce

Ien reaksje op “Trije stjerren fan Eppie foar ‘Wolf yn harnas’”

  1. Dinie Avatar
    Dinie

    Whoehahahaaa, The Passion! Ik jou 5 stjerren foar dizze grap ??

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.