Dichters binne gratis

Fansels kinne der útsûnderingen makke wurde, mar ik hie my okkerdeis foarnommen en draach tenei net mear fergees myn fersen foar, der moat wat tsjinoer stean. En dan rekkenje ik net op bakken mei jild, mar hielendal neat – is neat.

Ik moat (foar in part) fan myn keunst libje, dat sa.

Dat wurdt jo dan net altyd yn tankberens ôfnommen, sa fernaam ik al gau. Ynearsten de organisator W.D. út Snits, dy’t nei’t ik sei dat ik wol in fergoeding frege foar dielname oan in dichtersfestival, my gau ûntfreone op Facebook, en dat is tsjintwurdich in grutte mislediging, sa’t jo faaks witte.

Op datselde Facebook neamde in oare organisator,  de hear M.v.E., út Ljouwert, my juster in ‘blaaskaak’ om’t ik meidielde dat ik tenei net mear gratis wie. Hy publisearre ek guon fan myn privéberjochten op Facebook.

It is alsa in gefaarlike ûndernimming en freegje wat werom foar in foardracht, mei de konklúzje wêze.

De kniperige amateurkes slagge foar master op.

 

Jûn lekker iten.

Comments 1

  1. WordPress › Flater

    Der is in krityske flater west op dizze webside.

    Learje mear oer it oplossen fan problemen mei WordPress.