Updeet Dichter fan Fryslân

Updeet Dichter fan Fryslân

Yntusken is dúdlik wurden (nei har eigen oanwizingen) dat Sigrid Kingma it fers It swijen nei Doede skreaun hat, en dat it fers Under de stêden net fan Arjan Hut is.

As de organisaasje de kompetysje earlik spylje wol, dan moatte de oare twa kandidaten no ek mei namme neamd wurde.

Bin oars tige benijd wa’t it wanprodukt Wâldpyk ynstjoerd hat.

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

2 Comments
Inline Feedbacks
View all comments
josse de haan
josse de haan
4 years ago

As jo sûnder staveringsflaters in gedicht skriuwe, wat fan de Fryske literatuer witte, dan hawwe jo by definysje in goed gedicht skreaun. Neffens A. Looijenga. As jo de boel belazerje en jo namme bekend meitsje, dan wurde jo troch Looijenga beleanne – de oare twa dichters moatte no ek fanwegen komme; de wrâld op syn kop. Looijenga fynt ‘UNDER DE STEDEN in rommelich fers, wylst ik it sels op twa nivo’s lêze kin: 1. weromgean nei ’40-’45 (finzenis Blokhhuispoort, gjin gerjochtichheid (sûnder finsters), heiten en soannen waarden oppakt en deamakke troch de besetters; 2. Ljouwert KH18 – en dus moai… Read more »

André Looijenga
André Looijenga
4 years ago

Ik hie juster sels ek al sterk de yndruk dat “It swijen fan Doede” wierskynlik troch Sigrid Kingma skreaun is. Sigrid ferwiist wol faker nei ynternet en kompjûters yn har poëzij. Let ek op it Wâldske ‘dû’.
It is boppedat de iennige fan de trije sûnder staveringsflaters, en de iennige dêr’t kennis fan Fryske literatuer út nei foarren komt. Sawisa de bêste fan de trije.

“Under de steden” is gelokkich net fan Arjan Hut. Dat rommelige gedicht is fier ûnder Arjan syn nivo.

In rymjende ready-made oer in bekende Fries, tsja… it kin…