Dit stiet hjoed yn it Friesch Dagblad. Jo witte faaks dat de AFUK tenei de promoasje docht, wat Frysktalige boeken oanbelanget, earder wie dat in taak fan Tresoar. Eekma is de direkteur fan de AFUK, en dêrmei earstferantwurdlike foar de promoasje en ferkeap fan Fryske boeken.
Is it no net nuver dat in persoan mei sa’n funksje it hat oer ‘it literêre wrâldsje’, as er it oer Frysktalige auteurs hat? Eekma hat net sa’n hege pet op fan de Fryske literatuer, safolle is dúdlik.
Is de man no noch wol te hanthavenjen?
En fierders moat steld wurde dat de oername troch de AFUK fan de boekpromoasje ien grutte ramp is.
Post a Comment