Frijwol neat te belibjen yn it Fryske Blochlân. Guon haadrolspilers hawwe har weromlutsen en de doarren tichtsmiten. Moast it fan de baas? Is it klearebare leffens?
Oaren hâlde harren blochkes net mear by, of tige ûnregelmjittich. It moat alle dagen heite, as it heal kin!
Oan de oare kant liket Twitter mear oanlûkingskrêft te krijen. Ek IJsbrandt hat de stap setten. Bygelyks.
It #twicht projekt leveret, mar ik bin fansels gjin poëzijkenner, wêr’t Asing Walthaus, Sjoerd Ybema en Jellie Tiemersma dat al binne, oant no ta net sokke geweldige ynstjoeringen op. Mar jo wolle dochs wol dat prachtige spjeldsje winne? No dan, oan ‘e slach!
Dat die my tinken oan:
[youtube]http://www.youtube.com/watch?v=2yorCNXP3GU[/youtube]
Jûn rys mei beantsjes yn pindasaus en lûmpia.