Tag Archives: Anne Feddema

Duo von Däniken op Explore The North

Duo von Däniken bestaat uit de Fryske dichters Cornelis van der Wal en Anne Feddema. Naast hun (internet)cabaret voor het literaire tijdschrift ensafh.nl maken ze muziek. Vanavond brengen ze de kleine rockopera Nordic Walkmen… Eclectische elektronica, samples, met live instrumenten en visuele vondsten. Explore The North, 23-11-2013

Duo Brein

Fannemiddei wie ik efkes by Anne Feddema om te breinstoarmjen oer in nij projekt fan Duo von Däniken. Doe ik dêr wie kaam ek Willem Winters efkes del en wy krigen beide in presintsje fan útjouwerij Perio… Wat sit dêr yn dat slúf? Wa’t dat witte wol komt oare wike moandei by dizze presintaasje… Aanst […]

It Anne-Feddema-útropteken

Oars al spitich hear, dat in hiel soad skreaune aktiviteiten nei Facebook ferhuze binne. Facebook is net iepenbier, en as jo ien syn kop net lije meie, dan kinne jo him/har blokkearje, sadat dy syn/har berjochten net mear te lêzen binne en oarsom ek net. Dus. No sa. Al iepenbier wie de ‘resinsje’ fan Abe […]

The Princeton Encyclopedia of Poetry and Poetics

Ik lies niiskrekt de DWERS fan Pieter de Groot oer û.o. The Princeton Encyclopedia of Poetry and Poetics: Fourth Edition. Der soe ek in stikje oer Fryske poëzij ynstean, skreaun troch Jelle Krol, en ja, dan wol ik daliks witte oft ik sels ek neamd wurd. Dat wolle wy allegearre, jou no mar ta. In […]

De Nije von Däniken: Frysk Pariehynder

No, fia it 77e digitale nûmer fan ensafh: Frysk Prairiehynder fan Duo von Däniken. It Duo, jo wisten it al tink, bestiet út Anne Feddema en Cornelis van der Wal. Klik op it plaatsje. Dat is in befel. Dan komt der in filmke, mei dêrûnder unike koyboymesyk. Ek wat psychedelysk.  No sa. Haw bamy rames […]

Six Friesian poets

  [youtube]http://www.youtube.com/watch?v=Rr8GjqGqViY[/youtube]

Krante yn it bakje

Prachtige opname’s makke hjoed tegearre mei Anne Feddema foar it Duo von Däniken. Jawis, A.F. is wer efkes werom yn it Heitelân. Noch efkes geduld dwaan, bêste fans fan it Duo, de brot moat noch produsearre wurde, en dan wurdt it meikoarten fia de side fan ensafh online setten. Jawis, alwer myn namme yn de krante. […]

Duo von Däniken grutte hit op YouTube!

No ja, foar Fryske begrippen dan. De Lettergek-útstjoering slacht behoarlik oan. Dy hiene jo noch net sjoen? Hjirûnder stiet er noch in kear. Makke yn opdracht fan it iennichste literêre tydskrift yn Fryslân: ensafh. En no sil ik wer fierder mei skriuwen fan proaza, en fannacht fierder mei in krystgedicht. Ik bin der net wis […]

In nije ensafh mei û.o. Knilles en Baukje

Hjoed ferwiis ik graach nei myn feuilleton en nei it fraachpetear dat Klaas Jansma mei Baukje Berber hie. Dat lêste yn ‘e mande mei Anne Feddema fansels, as Duo von Däniken. Dus. Wa? Wat? Wêr? Op ensafh fanselshf! Bakje iten.

Iepen brief oan Tresoar

Bêste minsken fan Tresoar, ik haw wer wat te seuren. It is wier dat ik yn it jier 2004 De Gouden Lykdoarn foar de Meast Paranoïde Skriuwer ûntfange mocht, in priis dêr’t ik noch altyd tige grutsk op bin, benammen fansels omdat er ûndertekene is troch Arjan Hut, mei wa’t ik oare wike nammers de […]