Tag Archives: bakje iten

Oan kop

Ja, leave *kuch* lêzerkes, ik gean oan kop by de poll oer de Gysbert. Mar ik kin jim fersekerje dat ik mar ien kear stimd haw. Op mysels, dat wol. Mar dat dogge Rutte, Samson, Edwin en Eeltsje ek. Tink ik alteast. Noch altyd yn de mediakeamer dwaande. Mar der komt skot yn. As er […]

Besprek fan bakje

De lêste wiken mei in besprek dwaande west, earjuster wie it klear. Jo kinne it meikoarten earne lêze. Nee, net yn de Moanne, dêr meie redaksjeleden fan ensafh gjin besprekken publisearje. Nuver, seine jo? Êh nee juh, sa giet dat hjir yn Fryslân. Wie it jo ek al opfallen dat nei’t ik ferline jier stoppe […]

Formidabel bakje

It is oars tige rêstich om Kulturele Haadstêd Ljouwert 2018 hinne! Wat stêkt dêr efter? Ik fertrou it net. Ris sjen, hawwe se no dat basis bidboek einlings ris yn it Frysk oersetten? En wêrom sitte de och sa kulturele mantsjes en wyfkes eins net op Facebook? Of is dat te dreech, technysk sjoen? Fragen! […]

Krante yn it bakje

Prachtige opname’s makke hjoed tegearre mei Anne Feddema foar it Duo von Däniken. Jawis, A.F. is wer efkes werom yn it Heitelân. Noch efkes geduld dwaan, bêste fans fan it Duo, de brot moat noch produsearre wurde, en dan wurdt it meikoarten fia de side fan ensafh online setten. Jawis, alwer myn namme yn de krante. […]

Bakje blog

No, ik bin sa bliid as in protter dat ik de saek yn eigen hannen haw, wat it bloggen oanbelanget, en net mear by web-log sit. Myn âlde blog is no al mear as in moanne net mear berikber. Ik haw ea neffens my in backup makke, mar wêr stiet dat ek al wer… ‘Weblog.nl […]

Gij zult niet Zweven!

Hee, apart. Krekt neidat ik myn lêste reaksje op Elmar Kuiper syn opmerkings by myn foarige bloch delskreaun hie, lies ik dit op it net: ‘The story is well-known in poetry circles: around 1968, disgusted by his difficulties with publishers and by what he perceived as the careerist strategies of many poets, Duncan vowed not […]

Absurd Awater

Ôfrûne freed wie ik wer ris yn it moaie stedsje Grins. Altyd noflik om werom te kommen. Mar ik haw Snits leaver, dus. Heden, heden, jo kinne dêr ek gjin stap fersette of jo komme de selsbeneamde Literatuerpaus fan Grins tsjin. Dat is dus, mient er sels, de hear Coen Peppelenbos. Prutsskriuwer en liichbist. Sjoch […]

Betide reklame

No, it is in merakel. Op sawat deselde dei dat de subsydzje der troch is, ek al reklame foar myn oangripende, mar noch te ferskinen dichtbondel Kristus Pavlov. De Lêzing fan Doeke Sijens oer de Fryske biografy stiet no online, hjir klikke. Oan de ein hat Doeke it oer dit webloch, spitich dat er in […]

Kollum op ensafh

Ha goeie, ik woe hjoed mar ris ferwize mei in kollum fan myn hân op de nije ensafh. Hjir klikke pake! Waarmje bakje paëlja op.

Skrieve met Skrievener en sù

Bin wat oan it eksperimentearjen mei Scrivener. Faaks by minsken mei in Mac al bekind, mar der is no ek in Windows ferzje yn oantocht. Mar wat is it? In programma om mei te skriuwen, en dat is moai, want dat is tafallich myn Libbenstaak. Ik haw nammers al mear fan soksoarte programma’s, mar om […]