Tag Archives: bakje iten

Dâna, âlje en bêh…

Ja jonges en famkes: ik haw him, de Dana. In hiel apart skriuw-apparaatsje. Jo kinne der ek hiel wat Palm applikaasjes opsette, mar oant no ta haw ik allinnich Astropocket en Dope Wars der opsetten. Wat seit soks oer de eigener? It skerm is oars net al te dúdlik, mar  sil ris sjen oft it ek […]

Spearstrapunt

No bin ik my der fan bewust dat ik de lêste tiid tige kritysk útlitten haw oer it Ynstitút dat Tresoar hjit. Dat soe eins net nedich wêze moatte, want op himsels is der neat mis mei, dy minsken dogge ek har bêst, meie wy oannimme fansels. Oer de (eks?) literatuerbefoarderer haw ik al genôch […]

Alde Friezen

No, dat is moai foar minsken mei in e-reader: de Google eBooks! Ek oer de Friezen falt der hiel wat te finen. En in hiel soad âlde literêre boeken. Sels mar efkes sneupe! Sil bakje iten opwaarmje.

Radio Corosie wike letter

Jim hawwe my in skoftke misse moatten, kwa regulier blochke. Dat komt troch in genipich grypke, dat it benammen foarsjoen hat op myn kiel. Dat de premjêre fan myn linkse hobby, Radio Corosie moat in wike útsteld wurde. Dat noch efkes geduld! Mar de tune is al klear! Waarmje jûn bakje iten op, mar priuw […]

Corosie

Ik kin it no wol ferklappe: oare wike woansdei is de earste útstjoering fan Corosie, in radioprogramma op in Lokale Omrop. Om 14:00. Mei Keunst, Muzyk, Literatuer ende Humor. Gearstald en presinterearre troch ûnderskreaune. Letter mear nijs en mear dúdlikens. Haw bakje ôfpriisd iten iten.

Bakje torrents

Ah, prachtich: Howl, de nije film oer Allen Ginsberg, is al fia de torrents te krijen. Ik haw him hast al binnen! Hjirûnder de trailer, en dêr wer ûnder it orizjineel. Haw in bakje iten opwaarme. [youtube]http://www.youtube.com/watch?v=h0nW1MA0UAg[/youtube] [youtube]http://www.youtube.com/watch?v=oWqHlcAmBeA[/youtube]

Delladen swetser

No, ik sil aansens wer in delladen Wallander sjen. In prachtige searje. En dêrnei wer fierder yn de al like skitterjende biografy oer Allen Ginsberg. Net dat ik dat no sa’n hiele geweldige dichter fyn, ôfsjoen fan ‘Howl” dan, mar dy hiele Beat Generation, dat wie wol wat. Wa set ‘Howl’ ris oer yn it […]

Oer op it Hollânsk

Ha goeie. Ik wit net oft ik der sels bywêze sil, want faaks moat ik dan spuie, en dat is net sa fatsoenlik, no, yn it iepenbier: mar no woansdei sille de Steaten ûnder oaren beslisse oer de takomst fan it skreaune Frysk. En, faaks wat dramatysk, mar sa lizze de saken, se beslisse ek […]

Neil Bruckner

Ja, moai waar hjoed, dat ik sprong wer efkes op ‘e fyts. Hie de nije Neil Young by my, dy’t oeral goed besprutsen is… Mar net troch my, ik fûn it ientoanich. Mar aldergeloks hie ik ek muzyk fan Anton Bruckner by my. Dat is in gefaar op ‘e dyk, dy âld Bruckner, wannear’t er […]

Triedleaze matearje

Fannemiddei efkes nei Ljouwert ta west, nei de Centrale, in machtich moai kompleks fan allerhanne grutte winkels. Ik wie op syk nei triedleaze lûdsprekkers, mar dy hiene se by de Mediamarkt en BCC net. Doe besleat ik de saak oars oan te pakken, en in gatsje yn de muorre te boarjen en dêr in kabel […]