Tag Archives: Bamy

Rêdbâd Rames

Ja, wat is’t in moai dielnimmersfjild net? Ik bedoel fansels de passagiers by it busreiske nei Laaksum yn septimber. Bin benijd hoe fol de bus komt te sitten, wat taskôgers oanbelanget.  Ik sil ris soargje foar in oars as oarse foardracht, mar dêr haw ik noch de tiid foar. En nije fersen skriuwe op it […]

Harkje nei bamy

Der stiet wer in nije ensafh online! En Knilles hat wer syn bydragen levere: in gedicht en, as helte fan it Duo von Däniken, in spannend harkspul, dat spilet yn de omkriten fan Hegebeintum. Ik wie ek efkes yn de byb, dêr lies ik ûnder oaren yn it Deiblêd de kollum fan Abe de Vries, […]

Mystery Bamy

Jim witte it faaks: ik bin drok oan it skriuwen. Komt hielendal goed. In moai helpmiddel haw ik altyd de idioom-side fan Eric Hoekstra fûn. Der hat neffens my ek sprake west om it as boekje út te jaan, mar dat sil de útjouwer wol gjin winst opleverje. En de idealen binne al wer eat […]

Foebele, Brekke en Bamy

Jawis, efkes, in kertierke tink, nei it fuotbaljen sjoen juster. Ik betrape my der op, dat ik foar de Dútsers wie. Sûnt dy alderferskriklikste finale fan it WK ferline jier haw ik gjin wedstryd fan Oranje mear sjoen. Ik begryp ek net dat dy coach dêr noch sit, dy soe him deaskamje moatte. Nee, Boeken […]

Tor in Heaven

It wie my earder wat tefolle gedoch om it allegear yn te stellen, mar juster kaam der in maklike oplossing. Ik haw it oer TOR, anonym ynternet dus. Faaks koe soks al earder, mar wannear’t jo efkes in cd bakke, dy’t hjir del te laden is, en de kompjûter mei dy cd opstarte, dan wurket […]

Ramsey Bamy

Elkenien wit dat ik de Sineeske Kultuur heech haw. Bamy is it lekkelste iten dat der is. Mar… hie ik dan ek graach by de Boekebeurs yn Sjina west? No nee… Minskerjochten, witte jo wol… As ik bygelyks dit berjocht lês en dit berjocht… Wat in lefbekken, dy Ramsey Nassy en konsorten! Mar, wat oars, […]

Lekkel

Gjin BF…

No, ik bin tige teloarsteld en mankelyk. Wêr is it allegear goed foar? Jo dogge jo bêst, mar dan docht ynienen bliken dat jo gjin Bekende Fries binne! Dan sakket de grûn ûnder jo fuort en wolle jo allinich mar nei treurige muzyk harkje. Mar al earst bamy opwaarmje. [youtube]http://www.youtube.com/watch?v=CVJH3pe74W0&feature=fvst[/youtube]

Âlde keallen mei pindasaus

Wol nijsgjirrich hear, dy argivearre linkjes. Sjoch blochke fan juster. Bygelyks Abe de Vries dy’t op 5 april 2006 skriuwt: ‘Elke kear wer moat Hettinga syn stikjes yn de Moanne misbrûke om syn gram te heljen oer ‘de oaren’. Elke kear moat er op in achterbakse wize besykje syn Gelyk te krijen oer de rêch fan […]

Bondel lûmpia

Ôfrûne woansdei gie it efkes mis by Mercurius, mar dat hawwe wy in oere letter wer moai oplost. Henk van der Veer wie te gast yn myn nederige studio. Henk hat, mei syn karakteristike lûd ek in trijetal gedichten foarlêzen. It is noch net te beharkjen fia útstjoering mist of sa, der wurdt wurke oan […]