Tag Archives: Bamy

Leech slûch pitsje

Ja, heechste tiid foar in regulier blochke. De kreativieit hat hjir efkes op in leech pitsje stien. Hiel yntinsyf wurke oan de bondel, en dan is er ynienen samar klear… Der binne oant no ta hiele positive reaksjes op kommen. No ris sjen wannear’t oft er ferskine sil. Stay tuned! Dat Brún 1 bestiet út […]

Hjoed

Omrop Bamy

It is in merakel: de Omrop kaam fannemiddei by my del. Lês myn getsjetter foar mear ynfo. Letter mear nijs. Dus. Sil aanst nei de Sinees. Kâns is 93,04 % dat it Bamy wurdt.

Mail oan de Ljouwerter Krante

Bêste redaksje, achte hear De Vries, ik woe ris efkes by jim ynformearje wat oft de tafoege wearde is fan de sin :”De hear C. van der Wal fan Snits hie ôfsein, mar…” Ik doel fansels op it stikje oer it Boekefeest, pleatst op 04-09-2010, wierskynlik skreaun troch jim meiwurker Sietse de Vries, dy’t my […]

Jûn is de Liwwadder Poëzie Zomeravond

Noch mar ris de oandacht op festigje: de Liwwadder Poëzie Zomeravond. Ik nim oan, nee ik hoopje dat it net bûtendoar hâlden wurdt! Aansens earst in kar meitsje. Hokker gedichten binne geskikt om foar te lêzen? Jo soene tinke, dejingen mei in soad meldij. Dy sitte der seker tusken! Wit noch net oft ik dit […]

Bamy of bommen

No minsken, foar wa’t der oer ynsiet: it giet hiel goed mei de nije bondel. Dat fyn ik sels alteast, mar ik bin net al te objektyf. In dichtbondel is mear as in pear fersen efterinoar sette en dan klear. Der moat ek struktuer ynsitte. En dy komt der no yn. Lykwols wurdt soks, lykas […]

Twittergedichten foar Tresoar

Ik sil ris sjen oft ik der ek ien of mear betinke kin: Omrop Fryslân skriuwt: Yn De Moanne fan it Fryske Boek is der yn septimber in gedichtewedstriid op Twitter. Gedichten kinne set wurde op de eigen Twitteraccount. De sjuery siket de gedichten sels op oan de hân fan in spesjaal sykwurd dat de […]

Succeservaring van eenen aap

Noch altyd de Moanne net goed lêzen, ik wit ek net oft ik meikoarten oan in djipdollend besprek takom. Moarn set ik hjir yn elts gefal it poëzijbesprek del, dat hjoed yn it Deiblêd ôfprinte is. Ik seach oars yn ‘e gauwichheid dat Arjan Hut syn nije bondel by de AFÛK útkomt, dat wie oars […]

Kulturele Kibbeling

Niiskrekt in bakje bamy, in stokje saté en in grutte lûmpia iten, by Lekker Sneek. Hearlik mefrou, jo witte net wat jo misse. Ja, ik bedoel jo dêr, efter dat byldskerm, mei dat briltsje op. Ja, yndied, josels. Ja, ik sjoch alles, no. Gesellich dêr nammers. As ik aanst wer sin oan wat haw, dan […]

Untheisterjende rôze bamy

No sa, dêr wie ik al wer. In drokke dei mei it op it net setten fan de nije ensafh. Mar dochs ek in oerke bûten west, om ris te sjen hoe’t yn Snits de keninginnedei fierd waard. Bearegesellich! En wat in enoarm grutte frijmerk hjirre, dêr is Grins neat by. Lykwols neat kocht, want […]