Tag Archives: Bamy

Go-Gol út ‘e loft.

It literêr tydskrift Go-Gol is út ‘e loft helle. No kin it fansels sa wêze dat de webmaster(esse) mei reparaasjes of updates dwaande is, mar opmerklik is yn elts gefal dat ek de link dy’t by dizze blog heard net mear wurket. Ris sjen oft Google noch wat yn ‘e cache sitten hat… Nee, en […]

Horror Makriel

No, dat is moai: Elmar Kuiper is nominearre foar de Cees Buddingh Priis. Jo witte wol, fan it potsje Marmite. Wurdt dat guod noch wolris iten? Ik mei it net alteast. Kuiper wie alris earder nominearre, foar de Fedde Schurer Priis, mar dat slagge doe net. Nee, eangje mar net, Fryske kollega Skriuwers, Knilles hat […]

Ferneamde Friezen yn it Hollânsk beskreaun

Ik haw der noch net ien oer heard, no, dan ik mar! Dy dissertaasjes fan resp. Joke Corporaal oer Anne Wadman en Johanneke Liemburg oer Fedde Schurer hawwe twa Frysktalige skriuwers as ûnderwerp. Ja, ik wit it, Wadman hat ek yn it Hollânsk skreaun, mar dat stelt net it measte foar, wat kwalitieit oanbelanget. De […]

Bargefleis op ‘e fyts

Krij hjoed besite, dat efkes iten siede yn it foar. Ja, it wurdt wer bamy, mei dêrby eat mei bargefleis. Ik sjoch wol. Der steane resepten by’t soad op ynternet. Ik skreau lêst dat Omrop Fryslân frijwol neat oan de ‘hegere’ kultuer mear docht. Of soks yn dy oarder. Dochs hawwe se de ôfrûne wike, […]

Eigen bamy boppe alles

Ja, it is wier, der binne noch jonge, Frysktalige dichters. Alteast, ik seach der ien yn it wyld omrinnen, by Tresoar, ôfrûne sneon. Ik haw it oer Geart Tigchelaar. Juster stavere ik syn namme ferkeard. Mea Culpa. Mar wêrom blocht dizze jongfeint eins net? En Elske Kampen, dy moat ek blogge! No daliks! Dizze maaitydsmerke […]