Tag Archives: Carsten René Nielsen

Hvedekorn

Hjoed, op myn jierdei, in moai presintsje yn ‘e brievebus! @Tresoar @FD_cultuur @sirkwy @deMoanne Mei tank oan de oersetters @poetcarstenrene en @GeartTigchelaar 6 fersen yn dit ferneamde tydskrift!

Oersettings seis fersen út ‘Wolf yn harnas’ sille ferskine yn ‘Hvedekorn’

Hjoed krige ik it berjocht dat seis fersen fan myn hân ferskine sille yn it renomearre Deenske tydskrift Hvedekorn. De fersen komme út Wolf yn harnas (2016) en binne yn it Deensk oerset troch Geart Tigchelaar en Carsten René Nielsen.

Fan Facebook: Ien fan de riedseltsjes fan de Fryske literatuer

Reade Runen op Facebook: Fotoferslachje fan ús twadde optreden, justerjûn yn Godsbanen’s literatuersintrum yn Aarhus. Moaie, sfearfolle setting. Elk fan ús droech in rige gedichten foar, dy’t Carsten René Nielsen de ôfrûne moannen yn it Deensk oerset hie. Klonken as in klok, dy oersettings. Yn it publyk njonken Deenske poëzyleafhawwers inkele Friezen om utens dy’t […]