Cornelis van der Wal

Tag: Dinie Postma

  • Knilles by it snekloket

  • Literêre fytstocht op ‘e klaai

    Ja minsken, der komme tige hite dagen oan, jim wisten it al. Ik kin der wol aardich oer, mar sjoch der net nei út. Earjuster wie it moai, net al te waarm fytswaar, dat ik bin fia Deinum, Dronryp, Bitgummole, Ingelum en Marsum wer yn Ljouwert bedarre. Underweis seach ik Sito Wyngaarden fytsen, yn Bitgummole.…

  • Eksposysje Melklokaal

    De foto fan juster kaam fan de iepening fan in groepseksposysje yn it Melklokaal yn it Hearrenfean. Hjirûnder noch wat foto’s.    

  • De bêste winsken!

    Fan Knilles en Dinie

  • Stikje gedicht

    Heden. Google Streetview is fernijd. Dit is Dinie har winkel en achter de boppeste rútsjes hat Knilles syn wurkromte… In grutte souder. Justernacht in gedicht kwytrekke omdat de autosave fan in Android programme net wurke. Sil aansens sjen oft ik it wer rekonstruearje kin… Wy hawwe bakte rjappels mei stikje fleis en raukost iten.

  • Walkmen ensafuorthinne

    Heu, ik bin der noch minsken! Tige drok dwaande west mei it produsearjen fan de film en it lûd fan Nordic Walkmen, hjir te sjen fia de side fan ensafh.nl. Dat wie in heikerwei. Der binne noch altyd lju dy’t de namme fan ús literêre tydskrift ferkeard útsprekke. It is dus net ensafuorthinne, bliksem! Mar…

  • Ofgryslik saaie petearen

    Geweldich! De Gysbert 2013 is foar Jacobus Smink! De sjuery koe net om myn poll hinne, sa docht bliken. Dizze bekendmakking wie juster eins it iennige hichtepunt fan it jierlikse Boekefeest yn Tresoar. Ofgryslik saai wiene de petearen dy’t laat waarden troch Karen Bies. Bies wie bepaald net yn topfoarm. In ferneamde eks-radiofrou sei letter:…

  • Sneker Hölderlin

    Dat wie wer in moaie middei, by de Sneker Middag juster. Al wat apart om dêr werom te kommen, it wie krekt of hie’k der nea fuortwest. Mar wat der ek bart: ik bin diplomearre Sneekoloog, dat pakke se my net mear ôf. Mei ik oannimme, alteast. Ek efkes by myn âlde wente delrûn, der…

  • Elske yn it skaad

    No sa. Wer wat bekommen fan it Tresoar-optreden yn de Prinsetún (en de neisit) juster yn it ramt fan de UIT! Markt yn de Haadstêd L. Wy sieten op in moai plakje yn it skaad, mar al wat yn in úthoeke, dat in soad flecht op de koai wie der net. Mar dat wie yn…