Tag Archives: Elske Schotanus

In wier lêsfestijn

No, ik haw de nije Moanne noch net yn de bus krige, mar de ynhâldsopjefte is al beskikber… It belooft wer in wier lêsfestijn te wurden. Neu, gjin besprekken fan literêr wurk wol’k leauwe, of it moat it artikel fan Jaap Krol wêze. Wêr’t ik wier nei útsjoch is it stik fan Elske Schotanus mei […]

Pytsje is wrâldnijs!

Heden, it hat de krante ek al helle, myn arke-aventoeren en de kat. Foar dejingen dy’t der oer ynsitte: Pytsje yt wer lekker en is wer sa fleurich as wat. It baaske ek. Bamy docht wûnderen. Oars al in bytsje in nuver idee dat Elske Schotanus no yn ‘myn’ bêd yn de arke sliept… Lit […]

Mail oan it Skriuwersboun + updeet

Understeande mail ferstjoerde ik juster oan it Skriuwersboun. Ik haw neffens my al fjouwer kear in fersyk dien om my de ledelist ta te stjoeren. Dêr haw ik, as nagelnij lid fan it Boun, rjocht op. Sjoch hjir mar, ûnderoan de side. Lykwols: ik krij hielendal gjin reaksje, lit stean stean dy ledelist. It wurdt […]

Motteballen mei wyn

Ha, Sinne! Goeie, Knilles. Dat wie in skoft lyn, dat ik op it balkon sitte koe. No ja, it koe fansels al earder, mar dan hie ik it faaks net oerlibbe. Lekker lêzen. Der komme noch gjin boatsjes del, mar dat duorret net lang mear. Ek myn EEE út de motteballen helle, en wat skreaun […]

Heuchlik Nijs! Elske S. stapt op!

Dêr kin gjin Falentynskaartsje tsjinop: “Fan de bestjoerstafel, 11 febrewaris: Elske Schotanus en Jan Schotanus binne ôftrêdend, Elske is net werkiesber. Kandidaten foar in sit yn it bestjoer kinne belje mei ien fan de bestjoersleden of in mail stjoere nei skriuwersboun@hotmail.com. It bestjoer komt seis kear yn it jier by elkoar, derneist is der oerlis mei […]

Âlde keallen mei pindasaus

Wol nijsgjirrich hear, dy argivearre linkjes. Sjoch blochke fan juster. Bygelyks Abe de Vries dy’t op 5 april 2006 skriuwt: ‘Elke kear wer moat Hettinga syn stikjes yn de Moanne misbrûke om syn gram te heljen oer ‘de oaren’. Elke kear moat er op in achterbakse wize besykje syn Gelyk te krijen oer de rêch fan […]

Nostalgy: Go-Gol, Erosmos, Kistwurk… (+update) +(noch in update)

Aansens komt der wer in nije ôflevering fan ensafh online te stean. Prachtich fansels. Mar, jou it no mar ris ta: misse jo it prachtblêd Go-Gol ek sa? Dêr is in oplossing foar: klik hjirre… En Erosmos dan? Ek noch nei te lêzen,  hjirre… En, jawis, Kistwurk stiet der foar in part ek noch op, […]

Wêr bliuwt it Skriuwersboun?

De Provinsje hat dit jier samar, midden yn it seizoen, sûnder oerlis, de subsydzjeregels foar Frysktalige boeken oanpast. In bytsje efterbaks, meie jo wol sizze. Ik sitearje Abe de Vries: ,,De provinsje hat de subsydzjes no al koarte”, zegt Abe de Vries. Zo is voor de tweede helft van dit jaar een maximaal subsidiebedrag van […]

Petear Van der Ploeg online

Net faak hat in petear mei in Frysk skriuwer safolle reboelje opsmiten. Tink ik, want ik haw ek net alles lêzen. It like my dan wol in goed idee en set it efkes online, mar hoopje dat de LC net lilk wurdt. Mar dat wiene se dochs al. It is net hielendal perfekt skend, mar […]

It Kulturele Tydskrift

Heden, alwer in nije Moanne yn ‘e bus. En ik hie de foarige mar foar in part besprutsen. No ja, it gie foar it grutste part oer WO II, in ûnderwerp dat no mar ris ôfsletten wurde moat. Of sis ik wer wat ferkeards? Dat moat dan mar. Efkes gau troch it Kulturele Tydskrift blêdzje. […]