Tag Archives: ensafh

Ensafh nû 1 2015 is út!

  Mei ûnder oaren in besprek fan Jan Wybenga syn Samle Fersen fan myn hân. Klik hjir foar mear ynfo. Dêr kinne jo ek lêze hoe’t jo de namme fan ús tydskrift útsprekke moatte. Dat giet nammentlik geregeld mis…

Jarich Bamy

‘Ik hâld de Fryske literatuer yn it algemien wol goed by. Durk van der Ploeg mei ik wol graach lêze, it iene boek mear as it oare. Gedichten mei ik ek graach lêze, Cornelis van der Wal fyn ik in hiele goede, orizjinele dichter. Him kin ik noch út de tiid by de Akademy, hy […]

Walkmen ensafuorthinne

Heu, ik bin der noch minsken! Tige drok dwaande west mei it produsearjen fan de film en it lûd fan Nordic Walkmen, hjir te sjen fia de side fan ensafh.nl. Dat wie in heikerwei. Der binne noch altyd lju dy’t de namme fan ús literêre tydskrift ferkeard útsprekke. It is dus net ensafuorthinne, bliksem! Mar […]

Duo von Däniken op Explore The North

Duo von Däniken bestaat uit de Fryske dichters Cornelis van der Wal en Anne Feddema. Naast hun (internet)cabaret voor het literaire tijdschrift ensafh.nl maken ze muziek. Vanavond brengen ze de kleine rockopera Nordic Walkmen… Eclectische elektronica, samples, met live instrumenten en visuele vondsten. Explore The North, 23-11-2013

ANCOPRIIS 2011 wurdt útrikt op 4 Oktober tidens it Ensafheest

Op freed 4 oktober oansteande wurdt tidens it ensafheest II de AnCopriis 2011 útrikt oan Jacobus Q. Smink. Better let as net. De AnCopriis is in ûnregelmjittich takend earbewiis oan in Fryske kulturele gigant. Eardere priiswinners wiene ûnder oare: Chrétien Breukers en Pieter de Groot. De sjueryleden binne Anne Feddema en Cornelis van der Wal […]

Foar wa’t it mist hat

In nij gedicht op ensafh. En in filmke, it lûd op ‘e eftergrûn is fan jo *kuch* nederige tsjinner.

Frysk Prairiehynder revisited

Hjoed, fia ensafh.nl in nije von Däniken. Hjirûnder set ik nochris it Frysk Prairiehynder, fan ferline jier alwer. Net te begripen dat sa’n filmke hast gjin sjoggers/harkers lûkt! Al sis ik itsels, Anne Feddema en moi hawwe hjirmei in topfilmke levere. Ek muzikaal sjoen. No ja, bekyk it mar.

Nije von Däniken: Jan sjongt de blues

Yep, wy binne der wer, mei in oangripend lietsje… Klik op it plaatsje…

Grutte gedichtejûn fan literêr tydskrift Ensafh

Yn it ramt fan de Nationale Gedichtendag organisearret it Frysk literêr tydskrift Ensafh op 31-01-2013 yn de stêd Snits in grutte gedichtejûn, dêr’t elkenien oan meidwaan kin! Der binne trije mooglikheden: – Dichters kinne twa of trije gedichten foarlêze . – Poëzyleafhawwers kinne har favorite gedicht foarlêze. – Gewoan komme te harkjen. Dichters en foarlêzers wurde fersocht […]

Wichtich bakje

Yep, sûnt freed stiet der wer in nije digitale ensafh online. Mei fan alles wat en ek noch dit en dat. Ik wiis jo graach wer efkes op de bydrage fan Duo von Däniken. Diskear in reportaazje oer it nije Teaterselskip Tryouter. Ja hear, it duorret sawat acht (8) minuten. Hawwe jo dêr gjin geduld […]