Tag Archives: ensafh

ensafh op papier

Ensafh nû. fjouwer, de papieren edysje, lei in deimannich lyn wer yn de bus. Dat wol sizze: allinnich foar abonnees fansels. Myn nederich *kuch* persoantsje hat ek in bydrage levere, yn de foarm fan in wiidweidich besprek fan Douwe Tamminga syn Samle Fersen. Dat, binne jo nijsgjirrich wurden? Dan gau nei de bettere boekwinkel, of […]

Besprek fan bakje

De lêste wiken mei in besprek dwaande west, earjuster wie it klear. Jo kinne it meikoarten earne lêze. Nee, net yn de Moanne, dêr meie redaksjeleden fan ensafh gjin besprekken publisearje. Nuver, seine jo? Êh nee juh, sa giet dat hjir yn Fryslân. Wie it jo ek al opfallen dat nei’t ik ferline jier stoppe […]

ensafh 70

Ja minsken, it sjit op! De nije digitale ensafh, nûmer 70 alwer, is út. En de kollums meie jo dochs wol pittich neame. Ik haw der ek ien skreaun. En bin ek mandielich oan It Fryske Liet, fan Duo von Däniken. Dat driget in wrâldhit te wurden. Haw fisk mei rys en slaad iten. In […]

Nije ensafh mei û.o. Knilles

Jawis, gau klikke en myn kollum lêze. Of earst de nije Duo von Däniken besjen? Mei ek. Ik yt aanst in fiskje

Duo broadsje

Yo, ensafh is werom fan in wolfertsjinne winterstop. En jo favorite dichter/skriuwer/besprekker/multymediamantsje/kabaretier/eh… stiet der ek wer op. Mei in ferhaal en as Duo-mantsje. Dat as in hazze nei: ensafh.nl. Haw broadsje hamburger, patat pinda iten. Dêrfoar trije glêzen bier dronken yn café Vellinga.

Legindaryske rys

Wer oan it feroarjen west yn ‘e hûs. Dat wol sizze, ik bin sels net sasear feroare, mar de ynrjochting fan myn wente al. Dat komt der meast op del: mei laptops en kompjûters slepe en se earne oars delsette. It befalt my wol, sa’t it no liket. Aansens mar wer oan it skriuwen. Altyd […]

Nije ensafh is út!

En Knilles stiet der wer yn, mei in nije ôflevering fan it feuilleton Brún Bloed. En fierders mei in nije Duo von Däniken. Dat lêste fansels yn ko-produksje mei de Berliner Fries Anne Feddema. In soad wille dermei! Ik waarmje aansens in bakje iten op. Wit sa net mear wat der ynsit. Wy sjogge wol.

In nije ensafh mei û.o. Knilles en Baukje

Hjoed ferwiis ik graach nei myn feuilleton en nei it fraachpetear dat Klaas Jansma mei Baukje Berber hie. Dat lêste yn ‘e mande mei Anne Feddema fansels, as Duo von Däniken. Dus. Wa? Wat? Wêr? Op ensafh fanselshf! Bakje iten.

Brún Duo

No sa. Drok oan it wurk west foar ensafh. In nije Duo von Däniken montearre en publisearre en it twadde diel fan myn feuilleton Brún Bloed stiet der ek op. Allegear op www.ensafh.nl Waarmje bakje iten op aansens. Lekket ite op it balkon. Wetter der by. Gjin wyn. Moarn nei Castricum dus. Haw ik noch […]

Film, kollum en besprek

Hjoed ferwiis ik wer nei de nije ôflevering fan ensafh. Ik spylje ien fan de haadrollen yn it twadde ensafhilmke fan master regiseur Marc Kooij, klik hjirre… En der stiet ek wer in nije kollum online. Dus. Der stie ek in hiel aardich besprek fan Kristus Pavlov troch Eppie Dam yn de Ljouwerter. Dy sil […]