Tag Archives: FNP

‘Oprjochte Frysk’

Ik wit net krekt wêr’t de FNP mei dwaande is op Facebook, mar dit is grif gjin reklame! It sil wol in goedwollende ienling wêze, net oan de partij ferbûn. Dat hoopje ik alteast mar… Dreech no, dat Frysk… ‘Konden we het maar allemaal’   Jûn ite wy opwaarma pasta

Hosper en Eijer moatte út de FNP set wurde

Myn trouwe freontsjes en freondintsjes hawwe it al murken: ik haw myn Facebook en Twitter wer aktivearre. Ik bin de ynformaasje dochs nedich. Ik haw wol regaad makke wat freonen en folgers oanbelanget, der binne in soad útmitere, By Twitter haw ik sawat alle folgers ek fuorthelle dy’t anneks mei de FNP binne. Oanlieding is […]

Sosjale Curtis

Op it stuit bin ik dwaande mei de biografy fan Ian Curtis, fan Joy Division, skreaun troch syn widdo, Deborah Curtis. Stilistysk (ja, dêr hast him wer) net sa’n heechfleander, mar al tige nijsgjirrich. Bin noch net sa hiele fier, mar ik wit fansels al hoe’t it ôfrint mei Curtis. Net sa’n symphatyk persoan is […]

Nivo oan de wylgen

Oeral yn it lân wurdt besunige op kultuer. De profesjonele keunsten en de amateurkeunst wurde útklaaid troch gemeenten, provinsjes en it ryk. Dat hat desastreuze gefolgen foar de kulturele ynfrastruktuer. Ek yn ús regio! Op 20 novimber is in LANLIKE AKSJEDEI tsjin de besunigingen. It is tige wichtich om ús stim hearre te litten. Wat […]

Fraksje snert

No, dat gie neffens my net sa min, dy radio. Oare kear wat lytse oanpassings. As it goed is, dan komt de útstjoering moarn online te stean. Haw in mailtsje nei de Steatefraksje fan de FNP stjoerd: Achte steatefraksje, graach woe jim miening oer de útspraken fan de hear Gerben Gerbrandy yn it Sneeker Nieuwsblad […]

FNP: kultuerbarbaren

Sa’t jo fansels al wisten binne der hjir yn de nij te  foarmjen gemeente mei de net al te moaie namme Súdwest Fryslân op 24 novimber ferkiezings. Ha! Sa tocht ik, as nije ynwenner, dan kin ik einlings wer ris FNP stimme, dat sil wol 20 jier lyn foar it lêst west hawwe. Mar, sa’t […]