Cornelis van der Wal

Tag: Geart Tigchelaar

  • Hvedekorn

    Hjoed, op myn jierdei, in moai presintsje yn ‘e brievebus! @Tresoar @FD_cultuur @sirkwy @deMoanne Mei tank oan de oersetters @poetcarstenrene en @GeartTigchelaar 6 fersen yn dit ferneamde tydskrift!

  • Oersettings seis fersen út ‘Wolf yn harnas’ sille ferskine yn ‘Hvedekorn’

    Hjoed krige ik it berjocht dat seis fersen fan myn hân ferskine sille yn it renomearre Deenske tydskrift Hvedekorn. De fersen komme út Wolf yn harnas (2016) en binne yn it Deensk oerset troch Geart Tigchelaar en Carsten René Nielsen.

  • Artikel yn Fryslân Markant: Dichters yn Denemarken

    Artikel fan Geart Tigchelaar yn Fryslân Markant fan Maaie 2019: ‘Dichters yn Denemarken’. Klik op ‘e foto’s foar in better byld,      

  • Fan Facebook: Ien fan de riedseltsjes fan de Fryske literatuer

    Reade Runen op Facebook: Fotoferslachje fan ús twadde optreden, justerjûn yn Godsbanen’s literatuersintrum yn Aarhus. Moaie, sfearfolle setting. Elk fan ús droech in rige gedichten foar, dy’t Carsten René Nielsen de ôfrûne moannen yn it Deensk oerset hie. Klonken as in klok, dy oersettings. Yn it publyk njonken Deenske poëzyleafhawwers inkele Friezen om utens dy’t…

  • Fjouwer Fryske dichters op toernee troch Denemarken

    De Fryske dichters Cornelis van der Wal, Elmar Kuiper, Syds Wiersma en Geart Tigchelaar sille yn de wike fan 11-17 maart nei it Deenske Aarhus. Hja sille dêr optrede en oersette, mar benammen mei nij wurk te set. It plan is om yn ’e mande mei Deenske dichters te kommen ta in twatalige dichtbondel dy’t…

  • Besprekken Eppie Dam bywurke

    Mei Geart Tigchelaar: Leech hert yn nij jek en Jaap Veenstra: Gatten yn it tek / Gaten in het dak. Klik hjir foar it oersjoch. N.B. dizze besprekken binne oernaam fan it argyf fan de LC. Net aktueel dus. Sjoch oan de linkerkant fan dizze side foar oare argivearre poëzijbesprekken.

  • Eigenaardige gearkomste

    Fannacht frij eigenaardich dreamd: der wie in soarte fan gearkomste by ús thús, mei yn elts gefal Abe de Vries en Eppie Dam. Neffens my wie Geart Tigchelaar der ek by, mar dy feroare letter yn in oar, ûnbekend persoan. Abe woe gjin alkohol as cola hawwe, mar ik hie neat oars. En Eppie sei…

  • No sa

  • Ferdigening fan hin + updeet

    No, ik haw efkes maild oer it opnimmen fan myn besprekken op de side fan Sirkwy, mar de redaksje fan dizze side hat noch net reagearre. It mailadres sirkwy@sirkwy.nl wurket nammers ek net. Giet lekker dêre! Profesjoneel heite! Hie my no gewoan efkes ynjochte, dan wie der neat te rêden. Op ensafh in ferdigening fan it…

  • Elske yn it skaad

    No sa. Wer wat bekommen fan it Tresoar-optreden yn de Prinsetún (en de neisit) juster yn it ramt fan de UIT! Markt yn de Haadstêd L. Wy sieten op in moai plakje yn it skaad, mar al wat yn in úthoeke, dat in soad flecht op de koai wie der net. Mar dat wie yn…