Tag Archives: Hispel

Ut Wolf yn harnas: Wêr haw ik west

  Wêr haw ik west Wêr haw ik west? It is my gauris swart en ik sjoch dan de sinne net. Tink oan sinten en de takomst. De takomst is in molkfabryk. Juster lykwols haw ik fytst, grien en blau wiene de kleuren en stadich waaiden wolkens my de kop fol spinnen skjin. Jo komme […]

04-12-16: Presintaasje njoggende boek fan Cornelis van der Wal

Utnoeging Graach noeget Utjouwerij Hispel dy/jimme út foar de presentaasje fan Cornelis van der Wal syn njoggende boek, de dichtbondel Wolf yn harnas. It sil heve op snein 4 desimber 2016 om 16 oere yn café ‘t Lieverdje, Baginestrjitte 63, 8911 DN, neist it earder Poppoadium Romein, yn Ljouwert. Ynrin om 15.30 oere. Der sil […]

Nije bondel: Wolf yn harnas

Oer sawat in moanne ferskynt myn nije bondel Wolf yn harnas, by útjouwerij Hispel. Der is ek in presintaasje, dêr kom ik letter op werom. Hjir alfêst de foarkant fan de bondel, makke troch Jelle Post.  

Wolf yn harnas

Letter dit jier sil myn nije dichtbondel by Utjouwerij Hispel ferskine. De titel is Wolf yn harnas. Der sil grif in presintaasje komme, ik hâld jo op ‘e hichte. Under dizze link, by ensafh.nl, fine jo alfêst in priuwke. Wy ite jûn by de snekber, Frysk foar snackbar.