Cornelis van der Wal

Tag: Jantsje Post

  • Sjuery Gysbert: net-literêre arguminten

    Alderearst in rektifikaasje: der wie wol drank by de Griene Weide, myn korrespondint hie it by it ferkearde ein, dat ik haw him per direkt dien jûn. It wie in moai barren yn Boalsert juster, ik haw noch bamy iten nei ôfrin, tegearre mei in grutte groep feestgongers. Mar steane jo my ta dat ik…

  • Provinsje Fryslân op syn deunst

    No krige ik ferline wike alwer in útnoeging om de útrikking fan de Gysbert by te wenjen. Se rêde it blykber net sûnder Knilles… Ik kom lykwols net nei de útrikking. De redenen meie wol dúdlik wêze: ik kom net yn in gebou dêr’t de slavedriuwer Hayo Apotheker in taspraak hâldt. En ik kom net…

  • Barbaar op mûlharpke

    No, der is net safolle belangstelling foar myn foardracht, sjoch foarige bloch. Mar dat wist ik al, dat jimme barbaren binne. It is rêstich op de Fryske blochkes! Hmm, sil ris efkes sjen wat it Aapke op Facebook útspookt… Haha, it earme dier kin gjin dielnimmers krije foar syn dichtkursus by Tresoar… Tsja, leare hoe’t…

  • Mail nei oanlieding fan in útnoeging fan Tresoar

    L.S. Tige tank foar de útnoeging om de útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2013 by te wenjen. Lykwols: ik kom net. Yn it foarste plak omdat ien fan de sjueryleden it nedich fûn om my út te skellen op Facebook. Jantsje Post mei har ‘Van der Kwal’. Ik mien fierders dat de sjuery net kompetint…

  • Alwer in *kuch* tige freonlik sjuerylid!

    Wolkom Jetske Bilker! No Goffe noch!

  • Bamy Pavlov

    Jo freegje fo fansels al in moai skoft ôf: hoe is it no mei de diskutabele ynteraksje op Facebook tusken it sjuerylid fan de Gysbert Japiqkcxspriis Jantsje Post en priiskandidaat Abe de Vries? No, dy is stoppe. Jantsje fynt de berjochten fan Abe net mear leuk. Wy meie oannimme dat frou Post op de fingers…

  • Antwurd Bert Looper

    No, niiskrekt dan einlings antwurd krigen fan Bert Looper, fan Tresoar. Syn skriuwen komt der op del dat er Facebook net as iepenbier tagonklik beskôget en dat er dêrom net yngripe kin, wat de misledigingen en it oare wangedrach fan it GJP sjuerylid Jantsje Post oanbelanget. In ûnbefredigjend antwurd, dat seit himsels. Ik haw ommers…

  • Jantsje, Abe en Gysbert

    Nee, gjin reaksje fan de ‘hege hearen’. Ik soe sizze: lês de wize wurden fan Dinie Postma der noch mar ris op nei. Neat oan ta te foegjen. Nei hjoed hâld ik der oer op, hoopje ik. Dus. Yn Fryslân is soks hiel gewoan. Wy spylje mekoar de bal ta, en elkenien fynt it wol…

  • Iepen brief oan Bert Looper, oer in sjuerylid fan de Gysbert Japicxpriis

    Oan de hear Bert Looper, direkteur Tresoar   Bêste hear Looper, dit jier fersoarget Tresoar foar de earste kear de organanisaasje fan de wichtichste literêre priis fan Fryslân: de Gysbert Japicxpriis. Foar it earst ek wurdt der mei nominaasjes wurke. Ien fan de sân nominearren is de dichter Abe de Vries. De hear De Vries…

  • Sjuerylid Gysbert mislediget dichter

    Sjoch minsken: it nivo stiicht… Jantsje en Abe begjinne te skellen… Ja, dat stiet in sjuerylid goed! Wannear wurdt der ris yngrepen? Jantsje Post, moatst dy fan Van der Kwal mar neat oanlûke, om yn styl te bliuwen: hy wit net better. As de Bibleteek tenei de linkerhân beprate litte wol wat de rjochter skriuwt,…