Tag Archives: Josse de Haan

Theologyske magneten

Dat wie in moaie middei/jûn earjuster! Yn it ramt fan de presintaasje fan twa nije Afûkboeken, de Triennen fan Cheetah en Frou mei mandoline op sofa fan resp. Anne Feddema en Josse de Haan wiene wy te gast by in Moannejûn. Yn it hol fan de liuw fansels, as ensafh-man yn ieren en sinen. Mar […]

24-09-14 De Moanne Live

Tresoar en NHL: boycott Kening Kees

No, dat liket mar moai, 32 Fryske boeken op Lezen voor de Lijst. De fraach is fansels: hokker boeken hawwe de hearen/dames útsocht? Kening Kees stiet der fansels net by, dat is in anty-autoritêr boek, en dat kinne wy de skoalberntsjes net oandwaan. Bin alsa tige benijd nei de list fan titels. Hawwe Baas Teake […]

It Skaad van Abe

Ik haw der efkes oer neitocht, want ik koe de tekst net hielendal neikomme. Josse de Haan snapte der ek neat fan. It giet om dit stikje út de Ljouwerter, Eppie Dam oer de neffens him bêste Fryske poëzijbondels fan 2013. Ravensulver stiet dus boppe-oan. Dat is moai foar Abe. Ik haw it boekje net […]

Foto’s presintaasje ‘Reade Bus’ fan Josse de Haan

Ljouwert, Café de Ossekop, 21-10-13  

Duo Brein

Fannemiddei wie ik efkes by Anne Feddema om te breinstoarmjen oer in nij projekt fan Duo von Däniken. Doe ik dêr wie kaam ek Willem Winters efkes del en wy krigen beide in presintsje fan útjouwerij Perio… Wat sit dêr yn dat slúf? Wa’t dat witte wol komt oare wike moandei by dizze presintaasje… Aanst […]

Fraach Josse de Haan oan Tiemersma

FRAACH OAN TIEMERSMA, Tiemersma seit: ‘Fryske boeken wurde faaks te gau utjûn, se binne net AKTUEEL genôch’. En dat soe de reden wêze dat der gjin trochbraak nei it Nederlânsk komt. Hy soe dat fierder utwurkje moatte. Foaral it wurd aktueel is diskutabel – bedoelt er pulp, fretfoer, of ferhalen sa’t de ‘blêden’ folskriuwe? Hy […]

Nèt gearstald troch Teake O.

Ik krige juster in moai presintsje yn ‘e brievebus! In pakje út it fiere Frânske Baskelân:   Josse de Haan is ien fan de dichters dy’t yn dizze antalogy fertsjintwurdige is. No bin ik tafallich in grut leafhawwe fan blomlêzingen, antalogiën en sa fierder, dat ik sil de bondel mei in soad oandacht lêze!

The Princeton Encyclopedia of Poetry and Poetics

Ik lies niiskrekt de DWERS fan Pieter de Groot oer û.o. The Princeton Encyclopedia of Poetry and Poetics: Fourth Edition. Der soe ek in stikje oer Fryske poëzij ynstean, skreaun troch Jelle Krol, en ja, dan wol ik daliks witte oft ik sels ek neamd wurd. Dat wolle wy allegearre, jou no mar ta. In […]

Ferstikkende ynfloed

Der is wer reboelje om Teake Oppewal cs. hinne. Earder al hat de man him op skandalige wize útlitten oer Gysbert-winner Josse de Haan. Ik begryp wier net dat de man noch yn funksje is. Ik haw myn poarsje ek wol krigen. Jierrenlange tsjinwurking, misledigingen ensafh. Mar by Tresoar fine se dat allegear hiel normaal. […]