Tag: krieltsjes
-
Wêr is Durk syn € 5.000 bleaun?
No, jim hawwe it al sjoen fansels, myn profesije wat de Gysbert 2015 oanbelanget is útkommen: de hear Koos T. hat him krigen. Moai foar de man. Wat, nammers, is der op ‘e hispel kommen fan de €5000,- foar oersettingen fan it oeuvre fan Durk van der Ploeg, de foarige winner fan de proaza-Gysbert? Fjouwer…
-
Dagen fan de Fryske hamburger
Ja, dat wie my wat, dy Dagen van de Friese Literatuur yn Amsterdam, dêr’t allinnich mar Friezen op ôf kamen. Fjouwer kear soe it heve, dêrnei binne se der mei stoppe, it wie in grutte mislearring. De Hollanners hiene der alhiel gjin ynteresse foar. Yn 2008 skreau ik der al oer, sa seach ik niiskrekt.…
-
Hotsum: where art thou?
Om mar wer ris in tear en sear punt oan te reitsjen en mar wer ris op in oantal al as net krûme teannen te stean: wer bliuwe dy útjeften fan HotSum eins? Mei ik dat freegje? Ja, dat mei ik freegje. It like sa moai: in nije útjouwerij foar Fryske poëzij en essays, mar…
-
Hillich orgasme
No, it is my wat. De *kuch* grutte skriuwer Dan Brown wurdt ynhelle as wie it in hillige. En och ja, it is wer safier: ien komplimintsje oer it Frysk en sels Gysbert Japikswinners krije in spontaan orgasme. Sil dochs wat mei minderweardichheidsgefoelens te krijen hawwe. Mar wie it jo ek al opfallen? Dat de…
-
Foarpublikaasje Kristus Pavlov op Sirkwy
Earder hjir al te finen as foardracht, mar no ek as tekst. Op sirkwy.nl. Kont op in wolk. Klik hjirre. Sil jûn hin mei krieltsjes en slaad ite. Nee, forearst gjin wyn mear by it iten. Wetter dus.
-
Utbakt Sirkwy
Ja minsken, moarn sil it heve: de presintaasje fan Sirkwy.nl! Tresoar woe tink de oanfangstiid Geheim hâlde, mar neffens myn ynformante begjint it om 15:30 oere. In betroubere boarne hat my meidield dat Omrop Knilles in ferslachjouwer stjoere sil. Ik bin benijd. As dat allegear mar goed komt. Ik hie noch ferjtten te melden dat…