Tag Archives: Kristus Pavlov

Kristus Pavlov

[youtube]http://www.youtube.com/watch?v=YwvSWEx13T4[/youtube]

Foarpublikaasje Kristus Pavlov op Sirkwy

Earder hjir al te finen as foardracht, mar no ek as tekst. Op sirkwy.nl. Kont op in wolk. Klik hjirre. Sil jûn hin mei krieltsjes en slaad ite. Nee, forearst gjin wyn mear by it iten. Wetter dus.

Dit is ynternet

Ferûntrêstend nijs fan it Skriuwersboun: de Provinsje blykt de útjeftesubsydzje ferlege te hawwen. Dat soe op de side fan de Provinsje stean. It Boun jout net efkes in link (dit is ynternet, minsken) en ik haw gjin nocht it op te sykjen. Wy wachtsje it ôf. Mar it liket my it bêste om mar fêst […]

Kont op in wolk

Ja, lêzerkes, noch in pear wike geduld dwaan foar myn nije dichtbondel Kristus Pavlov. Mar: om’t jim hast net wachtsje kinne hjirûnder in foardracht fan it noch net earder publisearre gedicht ‘Kont op in wolk‘. Ut de nije bondel. [youtube]http://www.youtube.com/watch?v=KqmRHLLx7Es[/youtube]

Kristus Pavlov

Meikoarten yn de winkel. Mar no al te bestellen by Bornmeer: Kristus Pavlov, de nije dichtbondel fan Cornelis van der Wal. Lykas wenst wer 33 gedichten. Dus.

Gedicht út Kristus Pavlov

Al earder yn de picture: it lêste gedicht út myn nije bondel Kristus Pavlov, oer in wykmannich yn de winkel. Nuver filmke, yndied. [youtube]http://www.youtube.com/watch?v=RDpCRsgRyAM[/youtube]

Betide reklame

No, it is in merakel. Op sawat deselde dei dat de subsydzje der troch is, ek al reklame foar myn oangripende, mar noch te ferskinen dichtbondel Kristus Pavlov. De Lêzing fan Doeke Sijens oer de Fryske biografy stiet no online, hjir klikke. Oan de ein hat Doeke it oer dit webloch, spitich dat er in […]

Redbad Rames

No, dat wie in moaie middei yn Stiens. Nijsgjirrige foardrachten en Kramtried kin útgroeie ta in wichtige band yn it Frysktalige Metal-barren. Ik kin ek útgroeie, mar doch oan de lijn. Fannemoarn 77 kilo. Hat wolris mear west. Mar ik haw myn kop ek wer milimetere, dat skeelt faaks wer wat gewicht. Ûnder de taharkers […]

Knilles lêst foar yn Stiens

Ankom snein 13-02-2011 is der wer in ôflvering van It Literêr Sirkwy, organisearre troch, jawol, It Skriuwersboun. Fjouwer dichters lêze foar út eigen wurk: Janneke Spoelstra, Hein Jaap Hilarides, Geart Tigchelaar en Cornelis van der Wal. De lêste sil út syn hooplik meikoarten te ferskinen dichtbondel Kristus Pavlov foarlêze. Der is muzyk fan Kramtried. In unyk […]

Oankundiging: Kristus Pavlov

Dat is de titel fan myn nije dichtbondel: Kristus Pavlov. It kin noch misrinne, mar nei alle gedachten meikoarten yn de winkel. Dus. Der binne al in pear gedichten publisearre, hjir en hjir bygelyks. De definitive ferzjes binne noch krekt in bytsje oars. Waarmje jûn de borsjt op, dy’t ik juster makke. In goademiel, dat […]