Tag Archives: Neo Alphasmart

De Alphasmart Neo

It sjocht der út as boartersguod. En it wie ek bedoeld foar bern dy’t net goed type kinne. Mar foar skriuwers is it manjefyk ark. Ik haw him no in wike, en it is it bêste skriuwapparaat ever. Punt. Se binne wol te keap noch, fia Marktplaats en Ebay.    

Rûge Neo

Jawis, ik haw der ien. Alwer in nij skriuwapparaat. Retro fansels. Mar handiger as dit bestiet net. De Neo, fan Alphasmart. Rint op batterijen, dy’t wol in jier meigean. Foar editing net sa geskikt, mar foar it rûge skriuwwurk is it ideaal!