Tag Archives: Pasta

De klanken van Byzantium

Efkes in tip foar sawol literatuerleafhawwers as lju dy’t nocht oan religy hawwe: it tige nijsgjirrich proefskrift: Frank G. Bosman, De klanken van Byzantium. De klanktheologie van Hugo Balls ‘Byzantinisches Christentum’, eigen beheer (2014). Proefschrift ter verkrijging van de graad van doctor in de theologie. Is is fergees te besetten, mar dat ferget al wat muoite. Klik […]

Pasta mei suertsjes

As ik nei bûten sjoch, dan sjoch ik Yndianen, Oktopussen, Heksen! En nee, it is gjin delirium, mar de Kermis. Neist de doar. Oan de iene kant tige gesellich, mar dy k*tmuzyk… No ja, it begjint freed pas. Bin alwer mei in Rimbaud-boek dwaande, ek fanwege de research. Dit is em. Net ûnaardich. Fierders kin […]

Pasta is tafal

Bêste freonen. Ik tocht hjoed wer ris oan it fenomeen tafal. Dat wol sizze, is it wol in fenomeen, wannear’t it eins net bestiet? Sa’t jo faaks witte bin ik in soad dwaande mei de stúdzje fan de astrology. Dat tafal, ik leau der net mear yn. Ja mefrou, it hielal sit ferhipte yngewikkeld ynelkoar. […]

… mar al in literêre treinreis

Fannemiddei efkes mei de trein nei Liwwadden west, jo riede it al: om boeken by Tresoar. Ik brûk no it paske fan de Iepenbiere Byb om dêr te lienen. Skeelt my 15 Eury. Ik haw in Geheim, Gefaarlik en Fout Boek liend, fansels allinnich foar stúdzje-doeleinen, net omdat ik it der mei iens bin. Wier […]

Moanne fan it nuete Boek

Jawis, ik bin der noch! En ik hâld der net mei op hear, it bloggen, dat giet troch oant ik der by delfal… Moaie reklame foar ensafh yn de Leeuwarder Courant fan hjoed. Pieter de Groot ferwiisd nei de diskusjestikken op Poadium. Teake Oppewal blaast him op as in pod, sa skriuwt Pieter. Dy earme […]

Feed doët ut nyt

Hee, handich, sa tocht ik, dat de side fan Tresoar ek in feed hat, sadat jo op ‘e hichte hâlden wurde fan nije oanwinsten yn ‘e bibletheek. Mar… jo riede it al: it wurket net. It hat wol wurke, mear as twa jier lyn. De side fan sirkwy.nl hat hielendal neat, dat op in feed […]

gjin nammen

No, myn fertrouwen yn it minskdom is der hjoed net grutter op wurden. Mar lit ik mar gjin nammen neame… It binne gjin ynternetpublisisten, yn elts gefal. Fierders alles ynoarder hear, en ik haw gjin skea oprûn. Haw in nij skriuwherntsje ynrjochte. Neffens de Feng Shui is it it bêste om hoekjes rûn te meitsjen. […]

Kenstou skenne sken dan met

Elkenien is tsjintwurdich mar oan it skennen, no, dan ik ek mar. Ik haw der noch gjin ien oer heard op it net, wat dat oanbelanget soe in weromkear fan Abe de Vries as blogger net ferkeard wêze. Abe! It Fryske folk ropt jo! Ut de LC fan 11-06-2010 Jim witte dat de Alpe D’Huez […]

Nije rigel yn it reade boekje

Jawis, dy Bio oer Majakovsky haw ik in pear dagen lyn al ynlevere. In prachtich boek, en op it lêst krige ik dochs wol wat te dwaan mei de dichter. Al in hiel skoft haw ik syn folsleine gedichten yn myn besit. Yn it Dútsk, fan dy reade boekjes. Krige hjoed ek de Ingelske oersetting […]

Pasta mei Klier

Ik sit nei in prachtige útfiering fan Puccini syn Turandot te harkjen. Dirigint Lorin Maazel. It lûd komt út myn webradio, dêr’t ik in pear moaie lûdsprekkerkes oan keppele haw. Bin al aardich fier yn de Majakovski-bio. En ik moat opsjitte, want ien of oare klier hat it boek reservearre by Tresoar, dat ik hie […]