Tag Archives: Pizza

De slegte kening

Ja minsken, it is safier: Kening Kees is by de Slegte synjalearre. Dan wurdt it heech tiid foar in nij boek soene jo sizze en sa is’t! Lykwols, dat nije boek, in dichtbondel mei 33 fersen, is op 11-09-2010 al foltôge, en wachtet no iensum en eangstich op de dei dat er it deiljocht einlings […]

Drok mei muzyk

Ja, en net in soad nocht om te bloggerjen. Dat, heecheard publyk: harkje ris nei myn symfony nû. 1, it earste diel. Makke yn 2005, mei net al te bêste audiokaart en sa. Mar dochs, it is in echte Knilles. Duhs. Klik hjirre. Jûn pizza of fisk. Of in kombinaasje.

Skriuwertips fan Wieke en Knilles + Updeet!

Yn dizze Moanne fan It Fryske Boek kinne jo alle dagen in soarte fan blochke fan meiwurkers fan Tresoar lêze. Diskear is Wieke de Haan oan bar, mei in stik oer de (aspirant) Fryskskriuwer. Yn dit tige *kuch* nijsgjirrige stikje gjin wurd oer it skriuwen as keunst-utering, de klam wurdt folslein lein op it boek […]

Hup Durk!

Hjoed yn de Leeuwarder Courant: in petear mei de hast 80 jierrige Durk van der Ploeg. Alfêst lokwinske! It sitaat: “En dan dy literatuerbefoarderer. Dêr ha’k noait folle yn sjoen, dat jild kinne se better oan ‘e skriuwers jaan” kin ik my wol yn fine… Pizza

Besprek de Moanne jiergong 9, nû. 4 (diel 1)

Ja, wy moatte fierder. Der stiet in hiel kreas frommeske op de nije Moanne, soe se al ferkearing hawwe? It is Ola Mafaalani. Wa? Ola Mafaalani. No, dy mei fan my wol in 8.3 krije. Wat sifer soe Knilles fan Ola krije? Wa spilet ris foar relaasjekonsulint? Ik hie it der al earder oer, mar […]

Slepe mei pizza

Pff… frijwat wurch, haw it hiele hûs foar de safolste kear op nij ynrjochte, dat wol sizze: slepe mei de goedkeape meubels dy’t ik haw. Moarn mar wer fierder. Ik haw in pizza iten. Oant moarn! Dan hooplik wer wat mear tekst fan diz’ kant. En genietsje yn de tuskentiid fan it prachtige lûd fan […]