Tag Archives: Sietse de Vries

Mail oan de Ljouwerter Krante

Bêste redaksje, achte hear De Vries, ik woe ris efkes by jim ynformearje wat oft de tafoege wearde is fan de sin :”De hear C. van der Wal fan Snits hie ôfsein, mar…” Ik doel fansels op it stikje oer it Boekefeest, pleatst op 04-09-2010, wierskynlik skreaun troch jim meiwurker Sietse de Vries, dy’t my […]

Lêste nijs: Knilles nèt op it Boekefeest!

Ferneamde Friezen yn it Hollânsk beskreaun

Ik haw der noch net ien oer heard, no, dan ik mar! Dy dissertaasjes fan resp. Joke Corporaal oer Anne Wadman en Johanneke Liemburg oer Fedde Schurer hawwe twa Frysktalige skriuwers as ûnderwerp. Ja, ik wit it, Wadman hat ek yn it Hollânsk skreaun, mar dat stelt net it measte foar, wat kwalitieit oanbelanget. De […]

Sirkwy: poëzij op it tredde plan

Faaks bin ik wat te betiid mei myn krityk, want de side is noch net iens online. Hokker side? No, ik doel fansels op sirkwy.nl. Net hielendal orizjineel ek, dy namme. Der bestiet al in moai skoft it Literêr Sirkwy ommers. In wat minder betiizjende namme hie faaks better west. Mar my wurdt neat frege. […]